Olympysk ticket noch lang net wis foar Bouwmeester nei minne dei op WK

Marit Bouwmeester
Marit Bouwmeester © ANP
Sylster Marit Bouwmeester fan Warten hat in minne dei efter de rêch op it WK silen yn Mar del Plata yn Argentinië. Bouwmeester stiet nei in 22e en 24e plak no fyftjinde yn it klassemint fan de ILCA6-klasse.
Dêrtroch binne de Olympyske Spelen serieus yn gefaar foar Bouwmeester. Har konkurrinte Maxime Jonker is nammentlik de nûmer fiif fan it algemien klassemint.
Nederlân mei yn elts sylûnderdiel mar ien dielnimmer ôffurdigje. Om dat te bepalen brûkt it sylbûn de resultaten fan dit WK en it WK fan ôfrûne simmer yn Scheveningen. De sylsters kinne punten fertsjinje mei in top-10-klassearring yn it einklassemint. It earste plak smyt tsien punten op, it twadde plak njoggen en dat giet troch oant de nûmer tsien dy't ien punt krijt.
Yn Scheveningen einige Bouwmeester op it fjirde plak en Jonker foel bûten de top-10. Bouwmeester hie dêrtroch foar dit WK in foarsprong fan 7 punten op Jonker.
Firtueel krijt Jonker der no 6 punten by, want dat smyt in fiifde plak yn it einklassemint op. Bouwmeester falt mei har fyftjinde plak bûten de punten. Op dit stuit hat Bouwmeester dus noch in foarsprong fan in punt op har grutte konkurrinte, mar it WK yn Argentinië duorret noch oant en mei woansdei.
As Bouwmeester nei de Spelen wol, mei har efterstân yn elts gefal net grutter wurde, want by in likense stân telt it WK yn Argentinië swierder mei as it WK yn Scheveningen.