Al 50 jier slipet Jan Eisma redens: "Ik fyn it prachtich wurk"

Jan Eisma slipet redens
Jan Eisma slipet redens © RTV NOF
It is winterwaar en dat betsjut topdrokte foar de 85-jierrige Jan Eisma fan Broeksterwâld. Hy slipet al mear as 50 jier redens, en dat docht er mei in soad wille: "Ik fyn it prachtich wurk."
Eisma bûcht him oer in pear noaren. Earst sjocht er oft de redens rjocht binne. "Want as je yn in skuor komme, kin it samar wêze dat de reed wat krûm is." As dat it gefal is, kin Eisma him mei in spesjaal stik hout rjocht sette.
Dêrnei moat de rust fan de redens ôf, pas dêrnei kinne se yn de slypmasine. Eisma hat der in soad nocht yn: mei in grutte laits op it gesicht is er dwaande mei it putsje. En dat komt krekt: "Se moatte wol in bytsje lyk stean, hin? Mei de grutte slypstien gean ik earst oer de izers, dêrnei mei de lytse slypstien by de sydkanten del."
It duorret goed in kertier en dan binne de redens wer skerp. En it binne seker net de lêsten: "Sa sil it de oankommende dagen wol wat trochrûgelje", doelt er op it foarseine winterwaar,