Oranjefroulju spylje mooglike Nations-Leaguefinale op It Hearrenfean

Nederlânske flaggen op de tribune fan it Abe Lenstra Stadion
Nederlânske flaggen op de tribune fan it Abe Lenstra Stadion © Orange Pictures
It Nederlânsk frouljusfuotbalalvetal spilet de finale of de treastfinale fan de Nations League yn it Abe Lenstra Stadion op It Hearrenfean. Oranje kin him dan kwalifisearje foar de Olympyske Spelen.
De wedstriid wurdt op 28 febrewaris spile. Fiif dagen earder spilet Nederlân de heale finale tsjin Spanje. Dat duel wurdt yn Cadíz spile. Mocht Nederlân Spanje ferslaan dan is it wis fan dielnimming oan de Olympyske Spelen fan takom simmer yn Frankryk.
Mocht Nederlân ferlieze fan Spanje, de regearjend wrâldkampioen, dan wurdt de wedstriid op It Hearrenfean mooglik krúsjaal. De oare heale finale giet nammentlik tusken Frankryk en Dútslân. De Frânsen binne as gastlân fan de Spelen al wis fan dielnimming. Mocht dat lân de finale helje, dan mei de nûmer trije fan de Nations League dus ek meidwaan. Nederlân en Dútslân soene dan ûnderling útmeitsje moatte wa't dat ticket pakt.