Jan de Jonge oer sc Hearrenfean: "Het fundament van de club is verslechterd"

De Sportcast mei Jan de Jonge
De Sportcast mei Jan de Jonge © Omrop Fryslân
Jan de Jonge is krekt werom út Libanon en wol wer oan de slach yn de Nederlânske fuotballerij. Oft dat no by in amateurklup of by syn âlde leafde Hearrenfean is; De Jonge is beskikber, sa fertelt hy yn de Sportcast.
De Jonge wie trainer by Safa SC yn de haadstêd fan Libanon, Beiroet. Dêr hie hy it goed nei syn sin, mar hy naam oardel wike lyn it beslút om werom te kommen nei Nederlân. "Belangrijkste reden was niet dat de oorlog uitbrak, maar privé."
Dochs wie it wol in pittich aventoer. "Ik stond daar in die grote stad met 40 graden op een kunstveld. Toen dacht ik in het begin weleens: is dit nou wel heel handig geweest?"

No wer oan de slach yn Nederlân

De Jonge hie de ôfrûne tsien jier ferskate bûtenlânske aventoeren yn Dútslân, Turkije en Syprus. Hy woe noch ien kear sa'n aventoer oangean. "Maar nu is dat klaar."
En dus siket de no 60-jierrige ynwenner fan It Hearrenfean in nije klup.
De Jonge hat njonken assistint-trainer en ynterim-haadtrainer ek haad jeugdoplieding west by Hearrenfean. En lit Hearrenfean nei it fuortgean fan Marcel van Buuren op syk wêze nei in haad jeugdoplieding. De Jonge: "Daar ben ik niet goed genoeg voor, denk ik. Anders hadden ze mij wel benaderd."
De Jonge seit gjin 'nee' as Hearrenfean-direkteur Ferry de Haan bellet, mar hy freget him ôf oft dat momint wol komt. "Op een of andere manier zijn we moeilijk te benaderen blijkbaar. Of zijn we te kritisch. Waarschijnlijk zijn de cultuurverschillen te groot."

Glêzen troch de keamer

Hy freget him ôf oft der noch wolris goeie diskusjes fierd wurde. "Als we het altijd maar met elkaar eens zijn, dan is dat ook niet goed. Vroeger, en vroeger was alles beter, vlogen de glazen ook weleens door de kamer. Maar uiteindelijk nam je dan wel een beslissing die goed was voor de club. Maar ik twijfel er nog weleens aan of dat nog wel zo is."
Der geane geroften dat Sven van Beek yn de belangstelling stiet fan in klup út Japan. Sa wurdt der yn de Sportcast efkes neitocht oer in 'wat-as-senario'. Wat no as Van Beek én Osame Sahraoui fuortgean yn de simmer? Ferslachjouwer Roelof de Vries reagearret mei in knypeach: "Dan degradearje se."
Het is niet goed dat je afhankelijk wordt van twee of drie spelers
Jan de Jonge
De Jonge reagearret serieus: "Het kan niet zo zijn dat als je twee spelers verkoopt, dat je dan degradeert."

De Jonge kritysk oer Hearrenfeanbelied

De Jonge hat dúdlik noch in Hearrenfeanhert. Hy komt der noch te sjen en praat mei passy oer de klup. Mar hy hat ek soargen. "Het fundament van de club is zó verslechterd. Het is niet goed dat je afhankelijk wordt van twee of drie spelers."
De Jonge rjochtet syn krityk net op persoanen, mar foaral op it belied. "Op het voetbaltechnische beleid denk ik dat ze nog wel flinke stappen moeten maken. En dat heeft niet altijd met geld te maken. Ik denk zelfs te weten dat er wel één of twee mensen zijn die er wel in willen stappen als er een cultuurverschil gemaakt gaat worden."
It giet De Jonge om it fûnemint fan de klup, mar ek om de spilersgroep. Neffens De Jonge sit der wol kwaliteit yn de groep, mar is it net echt breed. "Het fundament was altijd dat we dan in breedte sterk waren. Dan kwam Otigba erin. Of een Slagveer, of een Hooiveld. De breedte was veel sterker. Dan kon je dat wel opvangen."