Waarman Jan Jonkman ferwachtet iisgroei yn ’e nacht: "Tiisdei fielt it oan as -10"

Hoe komt it mei it iis: is der genôch kjeld foar?
Hoe komt it mei it iis: is der genôch kjeld foar? © ANP
Tiisdei wurdt de kâldste dei fan de wike, mei gefoelstemperatueren fier ûnder it friespunt. Dat ferwachtet waarman Jan Jonkman. "We krije in pear nachten wêryn't de iisgroei goed op gong komme kin."
Moandei komt de temperatuer op guon plakken yn de provinsje al net boppe it friespunt út. "De wyn út it noardeasten hellet oan en dat soarget al foar in gefoelstemperatuer fan sa'n -5", seit Jonkman.
Kommende nacht sakket de temperatuer nei -5 en dan komt yn de moarntiid it kâldste momint fan de wike. "Dan wurdt it miskien wol -6 of -7. Mei sokke temperatueren kin de iisgroei goed op gong komme, hielendal by in moaie heldere himel."
De ferwachte temperatueren de kommende nacht
De ferwachte temperatueren de kommende nacht © Omrop Fryslân
Tiisdeitemoarn om 10.00 oere is de temperatuer noch hieltyd sa'n -5 graden. "De sinne is der de hiele dei by, mar der stiet ek in swakke oant matige noardeastewyn. Dan fielt it oan as -10."
Yn de nacht fan tiisdei op woansdei is it wer helder en dat soarget op 'e nij foar temperatueren fan sa'n 5 graden ûnder it friespunt. "Letter yn de nacht falt de wyn ek fuort, dat binne alwer prima omstannichheden foar it iis."

Nei woansdei is it gau dien

Woansdei oerdei is it earst wer -5 en letter komt de temperatuer út om it friespunt hinne. Nachts wurdt it -4, mar dêrnei is it mooglik alwer gau dien mei de iiswille.
Waarman Jan Jonkman
Waarman Jan Jonkman © Omrop Fryslân, Raynaud Ritsma
"Want tongersdei komt de wyn mear út it noardwesten wei, dan krije we in waarmere lucht. De temperatuer komt dan út op 2 graden boppe nul. Yn de nacht noch wol lichte froast, mar freed wurdt it wer 3 of 4 graden."
Op guon iisbanen yn de provinsje leit op dit stuit in tin laachje iis. De kommende nachten moat it dus gebeure, wolle we krekt efkes op redens kinne.