Wetterskip nei yntinsive wike mei heech wetter: "De druk is van de ketel"

Dizze polder stiet ûnder wetter om it wetterpeil yn de boezem te ferleegjen
Dizze polder stie ûnder wetter om it wetterpeil yn de boezem te ferleegjen © CAMJO media
Wetterskip Fryslân hat in drokke en spannende wike achter de rêch. Om de hege wetterstân yn de marren en rivieren omleech te bringen, draaiden gemalen op folle krêft en waarden ûnder oare acht polders ûnder wetter set.
It wie foar it earst dat der safolle polders tagelyk iepenset binne om it wetterpeil yn de Fryske boezem yn 'e stringen te hâlden.
Neffens bestjoerder Cees Pieter van Burgsteden fan Wetterskip Fryslân is alles goed gien, mar ha de meiwurkers it der tige drok mei hân. "Rond oud en nieuw en de kerstdagen hebben we heel veel gevraagd van onze mensen, maar we zijn blij dat het nu onder controle is en dat letterlijk en figuurlijk de druk van de ketel is."
wetterskip
Cees Pieter van Burgsteden © Wetterskip Fryslân
It boezempeil leit yn Fryslân gewoanwei op -52 sintimeter NAP. As de polders net iepenset wiene, hie it boezempeil freed in kritysk punt berikke kinnen, seit Van Burgsteden.
"Door die retentiepolders in te zetten, konden wij dat boezempeil 3 centimeter laten zakken en daardoor is het maximaal op -31 geweest. Dat zijn voor ons kritieke centimeters, veel hoger moet het niet komen. De retentiepolders hebben echt geholpen om die top af te vlakken."

Wetter parkearje

Yn de polders kin it wetter tydlik opfongen wurde, leit Van Burgsteden út. "De retentiepolders helpen ons vooral om even water te parkeren. Alles moet naar de gemalen toe en als je dan even wat water op een bepaalde plek kunt neerzetten, zodat je die piek eruit kunt halen en dat later kunt wegbrengen, helpt dat om de gemalen maximaal te kunnen laten pompen. Ze pompten in deze periode al 16 miljoen kuub per dag en dat is veel."
Yn guon gebieten stie it wetter oant it meanfjild ta. "Ook op percelen en grasland is het water zo hier en daar op het land geweest. En ook waar we zo af en toe gemalen uitgezet hebben, waardoor de sloten in dat soort gebieden vol zijn geraakt en het kantje boord was. Maar dat helpt ook om de boezem te ontlasten."
Heech wetter
Heech wetter © Kappers Media
De poldergemalen draaie no wer en de retinsjepolders binne sûnt sneintemiddei wer iepen, sadat it wetter no nei de boezem en de gemalen ta kin.

Klimaatferoaring

It Wetterskip hat noch in pear retinsjepolders achter de hân, mar wol yn de takomst mei it each op de klimaatferoaring mear fan dit soart plakken meitsje, seit Van Burgsteden.
"Misschien gaan we ook wel met particulieren en anderen gesprekken aan en maatregelen treffen om te kijken, als het nodig is, of we dan gebruik kunnen maken van een bepaald gebied om daar water neer te kunnen zetten. En misschien moeten we ook wel gaan nadenken over een nieuw zeegemaal bij Lauwersmeer."