Freonegroep wol finansjele pine fjoerwurkslachtoffer Tim ferlichtsje: "Verder sta je machteloos"

Folkert Osinga
Folkert Osinga © Omrop Fryslân
It moast in gesellige âldjiersjûn wurde, mar foar de 31-jierrige Tim fan Snits is it freeslik ôfrûn. Fjoerwurk dat er besocht ôf te stekken, ûntplofte yn syn gesicht. Tim rekke dêrby ûnder oare syn eagen kwyt en leit noch hieltyd op de intensive care. Syn freonen setten in crowdfundingsaksje op.
"Zo hebben zij in ieder geval de financiële zorgen niet meer", seit Folkert Osinga, hy is de inisjatyfnimmer fan de aksje. "We hopen dat ze zich dan volledig kunnen richten op het herstel van Tim."
Crowdfundingsaksje foar fjoerwurkslachtoffer
By de begeliedende tekst omskriuwe syn freonen him as in man dy't mei syn jeugdleafde en twa jonge bern midden yn it libben stiet. "Altijd vrolijk, een gangmaker op feestjes en altijd bereid om een ander te helpen. Dat was Tim."

Soad donaasjes

No is syn takomst ûnwis. "Je staat machteloos", seit Osinga. "Een actie als deze is het enige wat je kunt doen."
Moandeitejûn rûn de teller al op oant 40.000 euro. "Er zijn volstrekt vreemden die honderden euro's doneren. Het is ongelooflijk gewoon, bewonderenswaardig dat mensen dit doen. Blijkbaar zijn er heel veel goede en warme mensen."

"Geliefde jongen"

Mei it ynsammeljen giet it dus de goede kant op, mar foar de freonen fan Tim wie it ûngelok in flinke tik. "Het is heel heftig. We hebben veel gepraat, en ook gehuild. Continu komt hij voorbij: leuke herinneringen, minder leuke herinneringen. Hij is een hele geliefde jongen en we hopen dat we de pijn, ondanks alles, een beetje kunnen verzachten."
Minsken dy't jild donearje wolle foar de húshâlding fan Tim, kinne hjir terjochte.