Dantumadiel selsstannich fierder: Nije amtners skowe oan foar moarnsbrochje

Moarnsbrochje Dantumadiel
Moarnsbrochje Dantumadiel © Koos Scherjon
Dantumadiel is it nije jier begûn as folslein selsstannige gemeente. In skoft is der gearwurke mei Noardeast-Fryslân, mar dat foldie net en dus giene de twa wer útinoar.
De folslein nije amtlike organisaasje fan Dantumadiel kaam moandeitemoarn yn it gemeentehûs byinoar foar in mienskiplik moarnsbrochje. Dêrmei woe Dantumadiel de start fan it nije tiidrek markearje.
It grutste part fan de nije amtners kaam oer fan de gemeente Noardeast-Fryslân, de oare sechstich wist Dantumadiel te strikken fia in grutte regionale en lanlike wervingskampanje.
Op de sechstich eksterne fakatueres kamen goed tûzen reaksjes binnen, fertelt boargemaster Klaas Agricola. "We sitte yn in merk dêr't it dreech is om minsken te krijen, dus dat wie boppe ferwachting."
Hast alle posysjes binne no beset, allinnich op de ôfdieling Romtlike Oardering is dat noch net slagge. "Dy minsken binne hiel krap. Alle Nederlânske gemeenten hawwe dêrmei te krijen", seit Agricola.
Dantumadiel hiert se foarearst ekstern yn, sadat der gjin al te grutte efterstannen ûntstean.
Moarnsbrochje Dantumadiel
Moarnsbrochje Dantumadiel © Koos Scherjon
Agricola hat alle fertrouwen yn de nije organisaasje. "Ik haw seis jier lang in bzp'er west, in boargemaster sûnder personiel, en no ha we wer yn eigen organisaasje. De sfear is goed, der sit in positive drive yn. Ik bin der hiel bliid mei en sjoch dernei út."
De komst fan it nije personiel hâldt ek yn dat de gemeente him bûge moat oer de hjoeddeistige húsfêsting. Dy is neffens it gemeentebestjoer net geskikt foar de takomstige wurkwize en foldocht net oan de miljeunoarmen út it Klimaatakkoart.
Mooglik krijt it gemeentehûs in upgrade op miljeugebiet, mar ek de konstruksje fan in folslein nij gebou is in opsje.