Bysûnder 200-jierrich jubileum foar menistetsjerke op De Jouwer

De tsjerke op De Jouwer
De tsjerke op De Jouwer © Omrop Fryslân
De menistetsjerke yn de Jouster Midstrjitte fiert dit jier syn 200-jierrich bestean. Dêrom wurde der allegear aktiviteiten organisearre. Dêrmei hopet it tsjerke noch mear minsken te lûken.
In lûkje giet iepen achter yn de tsjerke. "Kijk hier is het originele stukje van de kerk, het enige stukje bakstenen muur waar nog niet overheen gepleisterd is", seit Hary Hummel.
Harry Hummel
Harry Hummel © Omrop Fryslân
Hast 40 jier komt er al yn it gebou. Hy is ponghâlder, frijwilliger en inisjatyfnimmer fan de fiering fan it jubileum.
"Het voelt hier altijd als thuiskomen. Dat je met een groep gelijkgezinden kunt belijden, dat is heel mooi", seit Hummel. En dus is hy ien fan de gemeente dy't graach sjocht dat de tsjerke bestean bliuwt.
Cor Nijkamp
Cor Nijkamp © Omrop Fryslân
"It is altyd de grutte fraach, hoe hâlde je de minsken wat by de tsjerke?", seit foargonger Cor Nijkamp. "Dat hoopje wy ek te dwaan mei dizze aktiviteiten."
Der is om it jubileum te fieren in wiere kalinder opsteld mei alle moannen wat te dwaan. Dat fariearret fan lêzingen oant in reüny mei in U2-tributeband.
Oant ûngefear 1620 waard in tsjerkegebou fan de menisten tastien, mar wol ûnder ien betingst. De tsjerke mocht nammentlik net oan de iepenbiere dyk stean. Hjirtroch waard der meastentiids in hûs foar de tsjerke boud.
Doe't de tsjerke op De Jouwer boud waard, wie dit net mear nedich: fan 1795 ôf wie bou oan de dyk nammentlik wol tastien. Dochs waard de tsjerke op De Jouwer achter de roailine boud mei in hûs foar de tsjerke. Yntusken stiet it hûs der net mear, mar wol is der in pleintsje foar de tsjerke te finen dêr't earder it hûs stie.
Jierren oan tarieding is oan dit jier foarôfgien. Doe kaam corona en waarden guon aktiviteiten ek wer ferskood nei dit jubileumjier.

Lange skiednis

It gebou is yn de tuskentiid aardich feroare. It waard yn 1824 boud as sober gebou, lykas de menisten dat graach woene. Twa streamingen kamen doe byinoar neidat se der achterkamen mear gelikenissen te hawwen as ferskillen.
De menistetsjerke op De Jouwer bestiet 200 jier
No hingje der reekmelders en kamera's, is it plafond grien ferve en stiet der in beamer yn de hoeke. "Dat is veranderd, net als de mode. Het is maar net wat mensen op dat moment in de tijd mooi vinden", seit Hummel.
Ek is der pas letter in Van Dam-oargel út 1858 yn it gebou kaam, eartiids waard de muzyk begelaat troch 'foarsjongers'. Minsken dy't foar yn it tsjerke stienen en meisongen.