Takomst stúdzje Frysk soarchlik: 'Sa gau as mooglik fulltime professor nedich'

Fryske flagge by Ryksuniversiteit Grins
Fryske flagge by Ryksuniversiteit Grins © Shutterstock
Der moat sa gau as mooglik wer in selsstannige universitêre stúdzje Frysk komme, mei in fulltime heechlearaar. Dat advys jout de Koninklijke Nederlandse Akademie van Wetenschappen (KNAW).
Yn it rapport 'De toekomst van de Frisistiek' neamt de KNAW it plak fan it Frysk oan de Nederlânske universiteiten 'zorgelijk'.
Yn de jierren 70 koe noch oan fiif universiteiten Frysk studearre wurde. Mar sûnt 2013 wurdt it Frysk allinnich noch mar oanbean as ûnderdiel fan de stúdzje 'Minorities & Multilingualism' fan Rijksuniversiteit Groningen (RUG).

Skrassen fan de bachelor wie net tûk

De KNAW is kritysk oer dizze konstruksje. "Het opheffen van de bachelor Fries en de omvorming tot een track Fries binnen Minorities & Multilingualism is geen succes gebleken", skriuwt de KNAW.
Keimpe Algra, heechlearaar en foarsitter fan de kommisje dy 't it rapport skreau
Keimpe Algra, heechlearaar en foarsitter fan de kommisje dy 't it rapport skreau © Universiteit Utrecht
Troch it skrassen fan it Frysk as selstannige stúdzje foldocht Nederlân net oan it Europeesk Hânfêst foar regionale en minderheidstalen fan de Ried fan Europa, konkludearret de KNAW. Boppedat is der yn Fryslân in tanimmend tekoart oan minsken dy't Frysk studearre hawwe op universitêr nivo.
Takomst stúdzje Frysk soarchlik: 'Sa gau as mooglik fulltime professor nedich'
In selstannige bachelorstúdzje Frisistyk mei in fêste, fulltime professor moat Frysk studearje wer oantrekliker meitsje foar haadfak- en byfakstudinten.

Ryk moat ta de bûse, fynt KNAW

De KNAW fynt dat it Ryk struktureel soargje moat foar in aparte stúdzjerjochting Frysk. De akademy foar wittenskippen rûst dat dêr sa'n 650.000 euro it jier foar nedich is.
It haadgebou fan de KNAW
It haadgebou fan de KNAW © Shutterstock.com (Dutchmen Photography)
De KNAW hat der wol begryp foar dat de de RUG der earder foar keas om it Frysk 'as Frisian track' oan te bieden.
"Omvorming tot een track is een bezuinigingsmaatregel om studentarme vakken in de lucht te houden. De RUG valt weinig te verwijten: zij moet verantwoord omgaan met schaarse middelen binnen een gegeven financieringsmodel."

Krityk op krúsjaal momint

It advys fan de KNAW komt op in strategysk momint, no't it Ryk en de provinsje Fryslân yn ûnderhanneling binne oer in nij Bestjoersakkoart Fryske Taal en Kultuer (BFTK).
Dat akkoart hie ferline jier al ûndertekene wurde moatten, mar it ministearje fan Ynlânske Saken joech yn novimber oan 'mear tiid' nedich te hawwen.
It tekenjen fan de eardere Bestjoersôfspraak yn 2018
It tekenjen fan de eardere Bestjoersôfspraak yn 2018 © Omrop Fryslân, Douwe Boersma
Soargen oer de posysje fan it Frysk op de universiteit binne der al langer. Yn 2020 letten de professoaren Bremmer, Jensma, Van der Velde en Versloot de needklok yn in brief oan de doetiidske minister fan Underwiis.

Heechlearaar

Oardel jier lyn ûntstie der rebûlje doe't de RUG as opfolging fan professor Goffe Jensma yn earste ynstânsje Anne Merkuur beneamde as universitêr dosint.
It net beneamen fan in nije heechlearaar kaam de universiteit op fûle krityk te stean, fan ûnder oare de Kommissaris fan de Kening Arno Brok en de Twadde Keamer.
Goffe Jensma, yntusken emearitus heechlearaar
Goffe Jensma, yntusken emearitus heechlearaar © ANP
Nei in hast unanym oannommen moasje yn de Twadde Keamer foar de universitêre stúdzje Frysk waard in pear moanne letter Arjen Versloot oansteld as dieltiid-professor Frysk ad interim.
Neffens de kommisje fan de KNAW sit der in kleau tusken it hege ambysjenivo fan it Ryk en it hieltyd lytsere plak foar it Frysk op de Nederlânske universiteiten.
"De conclusie is gerechtvaardigd dat het beleid van de universiteiten en het beleid van de Nederlandse overheid te weinig op elkaar zijn afgestemd."

Grins leit foar de hân

De kommisje fynt dat it foar de hân leit dat Rijksuniversiteit Groningen wer úteinset mei in stúdzjerjochting Frisistyk, want Grins leit tichtby Fryslân en foar de stúdzje Frysk wichtige ynstânsjes as de Fryske Akademy en Tresoar.
De KNAW pleitet der ek foar om in selsstannige stúdzje Frysk sa yn te rjochtsjen dat dy ek oantreklik is foar net-Frysktaligen. Sa soene de kursussen yn it earste jier oanbean wurde kinne yn it Nederlânsk of Ingelsk.

Ried foar de Frisistyk

De KNAW wol fierder in 'Raad voor de Frisistiek' om de wittenskiplike gearwurking tusken ynstânsjes as de Fryske Akademy, hegeskoalle NHL Stenden, Rijksuniversiteit Groningen en oare universiteiten te befoarderjen.
Prof. dr. Arjen Versloot
Prof. dr. Arjen Versloot © Universiteit van Amsterdam