De Harmonie trapet 150-jierrich jubileum ôf mei in betoverjende dreamwrâld

Ljochtkeunstner Frouke ten Velden
Ljochtkeunstner Frouke ten Velden © MajankaFotografie
Skouboarch De Harmonie strielt kommende wiken in mearke-eftich tafriel út. Keunstner Frouke ten Velden hat in ljochtkeunstwurk makke foar op de gevel fan it teäter dat dit jier it 150 jierrich bestean fierd.
"Ik heb een mooie vaas van de burgemeester gekregen, van Pathé een oude filmrol en een éénwieler van het wintercircus", fertelt ljochtkeunstner Frouke ten Velden.
Dizze objekten hat se brûkt foar it meitsjen fan in ynstallaasje oanfolle mei eigen kreaasjes. "Zoals een kubus, gebogen spiegels en folie. Er staat ook een grote ventilator waardoor alles wappert en er staan verschillende lampen."
De Harmonie trapet 150-jierrich jubileum ôf mei in betoverjende dreamwrâld
Troch de ruten fan de foargevel fan De Harmonie is it einresultaat te sjen. "Het is een abstract schilderij met grimmige vormen en bijzondere kleuren", fertelt de keunstner dy't earder wurk makke foar it Rijksmuseum en Van Gogh Museum yn Amsterdam en showdesigns foar artysten as Henny Vrienten en Merol.
"Ik vertel er niet echt een verhaal mee maar hoop dat mensen naar een sprookjesachtige droomwereld kunnen kijken."
"De objecten hebben een connectie met De Harmonie en waar het theater voor staat: het verbinden van de kunsten en toegankelijk zijn voor een groot publiek."
Ljochtkeunstwurk 'Spiegelingen' fan keunstner Frouke ten Velden
Ljochtkeunstwurk 'Spiegelingen' fan keunstner Frouke ten Velden © MajankaFotografie
Dat is ek wat it spesjale jubileumprogramma as doel hat: it ferbinen fan in sa breed mooglik publyk.
"De achtstegroepers hebben hier hun musical, dansscholen huren hier en er worden evenementen gehouden van organisaties zoals Circulair Friesland. Het publiek van De Harmonie is veel breder dan alleen mensen die een kaartje kopen. De uitdaging is om deze mensen te verbinden."

Fan dragshow oant konsert

Ira Judkovskaja, de eardere artistyk lieder fan Tryater en regisseur hat stal jûn oan it spesjale jubileum programma fan De Harmonie.
Eltse moanne is der in jubileumfoarstelling lykas The Rotterdam drag show, musical Jesus Christ Superstar en de wrâldferneamde pianiste Maria João Pires komt nei Ljouwert.
Mar dat is net alles. Der wurde om dizze foarstellings hinne ek allegearre aktiviteiten organisearre. Sa is der nei The Rotterdam drag show in Love For All party en wurdt der op 'Blue Monday' in konsert op stasjon yn Ljouwert holden.

Yn petear bliuwe

Judkovskaja fynt it fan grut belang om te ferbinen.
"Het populisme is gevestigd in onze maatschappij. In een wereld waar alles verandert, is het gevaar dat iedereen zich in zijn bubbel terugtrekt. Ik denk dat het belangrijk is om elkaar te blijven leren kennen en in gesprek te blijven zodat we de wereld op een mooie manier vorm kunnen geven. Kunst en cultuur speelt hier een belangrijke rol in en hier kunnen we nog beter gebruik van maken."
Krekt yn dit wichtige jubileumjier is der in opfallende ôfwêzige: direkteur Marijke van der Woude. Se sit sûnt desimber thús om't se in mieningsferskil hat mei de Ried fan Bestjoer. In wurdfierder fan De Harmonie lit witte dat beide partijen noch yn petear binne oer hoe't it no fierder moat.