Afûk wol pakes en beppes oanfiterje om Frysk te praten mei de bernsbern

Lêst 'pake' hjir foar, of 'opa'?
Lêst 'pake' hjir foar, of 'opa'? © Shutterstock.com (perfectlab)
Pakes en beppes kinne it Frysk praten fan de bernsbern mear stimulearje. Om se dêr mear bewust fan te meitsjen, set Afûk útein mei in kampanje: 'Wurdsto pake of beppe? Of word jij opa of oma?'
In soad pakes en beppes passe geregeld op en hawwe dêrtroch in bysûndere rol yn de taalûntwikkeling fan de bernsbern. Se hawwe de mooglikheid om in twa- of meartalige ûntwikkeling te stimulearjen, stelt de Afûk.
Dizze organisaasje hâldt him dwaande mei taalpromoasje en -oerdracht. Tiisdei set de Afûk útein mei de kampanje foar pakes en beppes.
Rûnom yn de provinsje wurde posters ophongen mei de fraach 'Wurdsto pake of word jij opa?' en 'Wurdsto beppe of word jij oma?'
Dizze kampanjeposters hingje aanst yn Fryslân
Dizze kampanjeposters hingje aanst yn Fryslân © Afûk
"Wy wolle pakes en beppes bewust meitsje fan de rol dy't se spylje kinne, de oansteande pakes en beppes yn it bysûnder", leit Hieke Rienstra fan Afûk út.
As bern yn it Nederlânsk grutbrocht wurde, soene se fia de pakes en beppes dochs de Fryske taal noch leare kinne, sa is de gedachte. "Wy wolle in siedsje plantsje om nei te tinken oer watfoar taal je mei de bernsbern prate."
Projektkoördinator Hieke Rienstra fan Afûk
Projektkoördinator Hieke Rienstra fan Afûk © Afûk
As it Nederlânsk de 'dominante thústaal' by bern is, kin it foar pakes en beppes noch wolris dreech wêze om dochs yn it Frysk te praten. Hielendal as it berntsje sels yn it Nederlânsk begjint, fiele de measte pakes en beppes oanstriid om yn it Nederlânsk werom te praten.
"Bern bringe in soad tiid by pakes en beppes troch, dus harren ynfloed is grut. Mar pakes en beppes passe har faak oan, ek as de bern bûten Fryslân wenje. Dat fine wy skande, want Frysktalige pakes en beppes kinne derfoar soargje dat sy it Frysk noch wol meikrije", fertelt Rienstra.

Frysk as ferriking

Just foar dizze bern is it in ferriking as pakes en beppes der dochs foar soargje dat sy in bytsje mei it Frysk opgroeie. Troch konsekwint yn it Frysk mei de pake- en beppesizzers te praten, litte je bern profitearje fan in ekstra taal.
Want twa- of meartalich opgroeie hat foardielen: bern kinne earder abstrakt tinke en sy ûntwikkelje in grutter wurkûnthâld en mear konsintraasje, om't sy wend binne om fluch te skeakeljen tusken ferskate talen. Boppedat leare meartalige bern der letter makliker noch in ekstra taal by.

Foarlêze helpt

It foarlêzen is foar de taalûntwikkeling it meast effektyf, seit Afûk. Want troch mei-inoar te lêzen fergrutsje je de wurdskat fan bern, stimulearje je it aktyf Frysk praten en wurdt it taalgefoel op in boartlike wize ûntwikkele.
It haadkertier fan de Afûk yn Ljouwert
It haadkertier fan de Afûk yn Ljouwert © Afûk
Foar de start fan de kampanje wurdt derôm foarlêzen út 'It grutte pake & beppe foarlêsboek' fan Mirjam van Houten, dat spesjaal gearstald is foar pakes en beppes. Dit boek is ek ûnderdiel fan in spesjale 'oppastas' fan Afûk, dêr't ek oare helpmiddels yn sitte.
Fierder kinne minsken op de webside pakebeppe.frl mear ynformaasje en tips fine om de taalûntwikkeling by de bernsbern te stimulearjen.