Net minne iisgroei, mar sompige grûn is de grutste spulbrekker foar iisklup Burgum

Yn 2022 wie de earste Nederlânske maraton op natueriis yn Burgum
Yn 2022 wie de earste Nederlânske maraton op natueriis yn Burgum © ANP
De iisklup fan Burgum hie ferline winter noch de primeur troch as earste iisferiening yn it lân in maraton op natueriis te organisearjen, mar dat wurdt dit jier tige dreech. En dat hat net iens mei de iisgroei te krijen.
De wille wie grut, doe't Burgum op 14 desimber 2022 as earste yn Nederlân in maraton op natueriis hâlde koe.
Dat wie in unikum, want noch nea earder wie in Fryske iisklup de earste. Dat wie dy winter ek fuort de lêste maraton.
By in maraton komt folle mear sjen as in iislaach allinne
By in maraton komt folle mear sjen as in iislaach allinne © ANP
It hat Burgum wol op de kaart set, mar dit jier liket de eare oan de iisklup foarby te gean. Wat it iis oanbelanget, ha iisbanen yn it easten fan it lân bettere papieren. Mar dêr sit noch net iens it grutste probleem, leit foarsitter Willem Provily út.
As we sels oer it gers njonken de baan rinne, sakje we al fuort.
Willem Provily, foarsitter fan IJsclub Bergum
"It hat gigantysk wiet west, dat is ús grutste útdaging. As we sels oer it gers njonken de baan rinne, sakje we al fuort. Dat betsjut dat we der al hielendal net mei allegear materiaal oerhinne kinne."
Dat is wol nedich, wolle je in maraton organisearje. "Dan moat der in sjuerywein by, tribunen, al dat soart wurk. Dus dan hâldt it al gau op."

IIsgroei

Wat de iisgroei oanbelanget, is Provily foarsichtich posityf. Der leit no seis milimeter iis. "Op it stuit is it -2", fertelt Provily om 9.30 oere. "Dat is posityf, want dat bliuwt it ek oant in oere as 12.00. En dan sakket de temperatuer om 17.00 oere wer ûnder it friespunt."
Twa jier lyn hie Burgum wol gelok
Twa jier lyn hie Burgum wol gelok © ANP
It is in begjin, mar noch lang net genôch. "As we in bytsje iisgroei ha wolle, dan moatte we nachts 6 of 7 graden froast ha. Ofrûne nacht wie it -2 of -3. Der leit dus wat iis, mar dat is echt milimeterwurk."

Foar de leden

De iisklup fan Burgum is him al fan oktober ôf oan it tarieden, de draaiboeken lizze klear. Mar in maraton liket dus fier fuort, al hopet Provily wol dat er de iisbaan letter dizze wike wol foar leden iepensmite kin.
"We binne ôfhinklik fan de temperatuer. Der leit no 3 of 4 sintimeter wetter op. As we 2 sintimeter iis ha, dan helje we it oerstallige wetter fan it asfalt ôf. Dan leit de iisplaat op it asfalt. Dan is it net genôch foar in maraton, mar wol foar de leden."