Liveblog | 8 jannewaris

112-nijs 8 jannewaris: Lesauto en buske botse yn Boarnsweach

Yn dit liveblog hâlde we dy op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.

Lêst bywurke: 8 jannewaris, 19:44
19:44

Lesauto en buske botse yn Boarnsweach

Botsing yn Boarnsweach
Botsing yn Boarnsweach © ProNews
In lesauto en in bestelbuske binne moandeitejûn mei elkoar yn botsing kaam op de Aldewei yn Boarnsweach.
De bestjoerder fan de lesauto rekke dêrby beknipe. De brânwacht waard ynset om him te befrijen. Hoe't de bestjoerder der no oan ta is, is net dúdlik.
Hoe't it ûngelok krekt barre koe, is net bekend.
16:55

Noch gjin treinen tusken Wolvegea en It Hearrenfean

De problemen op it spoar tusken Wolvegea en It Hearrenfean hâlde noch even oan.
Troch in oanriding ride der op dat stik fan it trajekt gjin treinen. De NS set stopbussen yn.
It wie de bedoeling dat de treinen om 17.30 oere wer ride soenen, mar dat is yntusken 19.00 oere wurden.
15:56

Snitser smyt autorút yn mei houten balke

In 26-jierrige Snitser moat in boete fan 225 euro betelje om't er in houten balke troch it achterrút fan de auto fan syn buorman smiet.
De jûn dêrfoar wie de mem fan de Snitser mishannele nei't se klage hie oer lûdsoerlêst. De buorman soe dêrop mei in pear oare mannen ferhaal helle hawwe by de frou. Dêrby soe se ek in klap krigen hawwe.
De frou hat dêrtroch in blau plak krigen. Doe't de 26-jierrige Snitser dat seach, 'flipte' hy nei eigen sizzen. Hy pakte in balke út de tún fan de frou en smiet him troch it rút fan de auto.
De buorman sei foar 1700 euro skea te hawwen. Dy claim waard tawiisd. Dêrnjonken moat de Snitser in boete fan 225 euro betelje. De rjochter lei ek noch 200 euro ûnder betingst op.
15:06

Krystbeammen yn brân yn Ljouwert

Brânwachtlju meitsje it fjoer út
Brânwachtlju meitsje it fjoer út © AS Media
Der binne moandeitemiddei krystbeammen yn brân flein oan de Lijsterstraat yn Ljouwert.
De brânwacht hie it fjoer gau ûnder kontrôle.
14:09

Oant 17.30 oere gjin treinen tusken Wolvegea en It Hearrenfean

In trein fan NS
In trein fan NS © ANP
Tusken Wolvegea en It Hearrenfean ride op dit stuit gjin treinen. Dat hat te krijen mei in oanriding op dit trajekt. De NS ferwachtet foarearst dat it opûnthâld oant 17.30 oere duorret.
12:34

Brânwacht útriden foar bûtenbrân yn Kimswert

De brânwacht moast betiid op 'en paad
De brânwacht moast betiid op 'en paad © Brandweer Harlingen
Yn Kimswert hat moandeitemoarn betiid in brân west oan de Harlingerweg. De brânwacht fan Harns krige de melding om krekt foar 07.00 oere binnen en is útriden foar de brân. It die bliken dat it om in bûtenbrân neist in hûs gie. It fjoer hat nei alle gedachten al ûnder kontrôle west, want de brânwacht hat allinne noch in neikontrôle dien.