Marijke Groenewoud is de keninginne fan it EK: "Bin ik dat? Klinkt hiel goed!"

Marijke Groenewoud, reedriden
Marijke Groenewoud is de keninginne fan it EK © Orange Pictures
Mei trije Europeeske titels en ien sulveren medalje mei Marijke Groenewoud mei rjocht de keninginne fan it EK ôfstannen neamd wurde. Sels hat se dêr noch net sa oer neitocht.
Snein makket Groenewoud foar de tredde kear dit wykein in earerûntsje oer it iis fan Thialf mei de Nederlânske flagge oer it skouder. Se lit har ta jûgje troch de tsientûzen taskôgers yn de Feanster iistimpel.
Hoe grut is it kontrast as se sneintejûn thúskomt yn in leech hûs yn Grou. Dêr wennet se sûnt ôfrûne simmer mei har freon, allinnich dy is op trainingskamp en net thús.

Sukses komt noch net hielendal troch

Miskien is it ek wol efkes goed dat Groenewoud efkes ta rêst komme kin, want it hat in hektysk wykein west. Sterker noch: hektyske wiken. "Je geane mar wer en je geane mar wer. Der binne in protte ôfstannen en je ride maratons tuskentroch, dus elts wykein is it gas jaan."
It besef dat dit wol in hiel suksesfol wykein wie, is der ek noch net hielendal. "Miskien dat it noch in bytsje lâne moat", laket Groenewoud.
Marijke Groenewoud is de keninginne fan it EK ôfstannen
It earste sukses snein komt op de ploege-efterfolging, as Groenewoud mei Joy Beune en Irene Schouten fierwei de fluchste is. It Nederlânske trio hellet de Europeeske titel mei in foarsprong fan mear as seis sekonden.
Oan de ein fan de middei is it op 'e nij rekke. Op de massastart is Groenewoud in team mei Schouten. Dy lêste falt as earste oan. "Mar dy waard werom pakt", seach Groenewoud. "En doe wie it oan my om de folgjende oanfal te dwaan. It wie noch in lang ein, mar it wie gelokkich genôch."
Alve rûntsjes rydt Groenewoud op kop, mei Michelle Uhrig yn har rêch. Ien ronde foar de ein set de Friezinne nochris oan, wêrtroch't de Dútske rydster de oansluting ferliest. Groenewoud komt solo oer de finish.
Ik ryd fjouwer ôfstannen en helje trije kear goud. Dat is ek net neat.
Marijke Groenewoud
De 24-jierrige reedrydster fan Team Albert Heijn Zaanlander sprekt fan in 'supergoed toernoai'. Gjinien hellet op it EK safolle titels as Groenewoud. En dus neame we har de keninginne fan dit EK. "Bin ik dat? Dat klinkt hiel goed!", laket se.
"Ik begûn it wykein al hiel goed, de foarm is trochset en dan slút ik it ek noch goed ôf. Ik ryd fjouwer ôfstannen en helje trije kear goud. Dat is ek net neat", jout Groenewoud ta.
As we freegje nei in ferklearring foar it sukses, dan moat se it antwurd skuldich bliuwe. "Ik tink dat ik der gewoan lekker yn sit. Ik leau net dat ik in geheim ha? Oars moast Jillert (Anema, har coach, red.) freegje, haha."

WK-titel

Groenewoud kin no efkes bekomme, want de earste langebaanwedstriid is oer trije wiken yn Salt Lake City. Dêr is de fiifde wrâldbeker. It folgjende grutte toernoai is heal febrewaris yn it Kanadeeske Calgary.
Kompleet is har seizoen dus noch net: se wol mear. "In WK-titel. En it WK allround hawwe we der ek noch by. Mei ientsje bin ik wol tefreden."