Rintje Ritsma jout dit EK in 7 as bûnscoach: "Mar de froulju krije in heger sifer"

Rintje Ritsma
Rintje Ritsma © Orange Pictures
Bûnscoach Rintje Ritsma sjocht posityf werom op it Europeesk Kampioenskip reedriden op It Hearrenfean. As er it beoardiele moat mei in sifer, dan jout hy in 7.
As bûnscoach is Ritsma ferantwurdlik foar de teamûnderdielen. Dat binne de ploege-efterfolging, de massastart en de teamsprint.
Freed begûn it toernoai mei de teamsprint by de froulju. Dy pakten in gouden medalje. Dochs seach it der wat frjemd út, omdat Antoinette Rijpma-de Jong fuort in gat litte moast nei Marrit Fledderus en Femke Kok. Mar neffens Ritsma foel dat wol ta.
"Sjoch, ast faker trainst, rint dat miskien better. Mar no wie it ek oermacht. Antoinette start net goed, mar oars rydt se dat gat ek gewoan wol ticht."

Utslaggen teamûnderdielen ûnder leiding fan Rintje Ritsma

Teamsprint froulju Goud
Ploege-efterfolging froulju Goud
Massastart froulju Goud en zilver
Teamsprint manlju Brûns
Ploege-efterfolging manlju Brûns
Massastart manlju Gjin medalje
De winst op de teamsprint by de manlju gie nei Poalen. Wesly Dijs, Jenning de Boo en Stefan Westenbroek waarden tredde op grutte efterstân fan Poalen en nûmer twa Noarwegen.

Trainen net te dwaan

De trije manlju ha noch nea mei-inoar traind. "Mar dat is ek net te dwaan. Want hoe dan? We witte in wike yn it foar pas wa't der meidogge."
Neffens Ritsma is dat no ienkear it probleem fan Nederlân. "Oare lannen ha somtiden mar trije goeie riders. Dan is it ek makliker dat te regeljen."
Dat probleem jildt eins ek foar it manljusteam op de ploege-efterfolging. Ek dêr is it in miks fan Jumbo-Visma (Chris Huizinga) en Team Reggeborgh (Bart Hoolwerf en Marcel Bosker).
Nederlân waard ek tredde by de ploege-efterfolging by de manlju. Ek op grutte efterstân fan de nûmer ien. Hjir wie dat Noarwegen.
Rintje Ritsma
Rintje Ritsma © Orange Pictures
De winst by de froulju gie op sawol de ploege-efterfolging (Irene Schouten, Marijke Groenewoud en Joy Beune) as de massastart (Marijke Groenewoud) nei Nederlân.
"Mar de froulju krije wol wat in heger sifer as dy 7. Dêr hoech ik net folle oan te dwaan."

Hoolwerf makket tefolle fouten

Op de massastart gong de winst nei de Belch Bart Swings. Bart Hoolwerf foel healwei de race en neffens Ritsma bart dat te faak. "Hy sit te faak op in plak dêr't hy net sitte moat. Dat oerkomt in Swings bygelyks net."
Neffens Ritsma moatte se it dêr wol oer ha. "Hoolwerf is hiel sterk en eksplosyf. Mar dit mei him net oerkomme. Hy moat hjir wol fan leare, want dit moat oars. Dit oerkomt him te faak."
Ritsma moediget Groenewoud, Schouten en Beune oan
Ritsma moediget Groenewoud, Schouten en Beune oan © Orange Pictures
Hoolwerf ried mei Marcel Bosker. De kâns dat dy ek op it WK ride is best grut, mar wis is dat neffens Ritsma net. "Hoolwerf is ek in faktor foar de ploege-efterfolging. Dat is yn syn foardiel."

Harm Visser noch in opsje?

Ritsma wol it net mei safolle wurden sizze, mar yn prinsipe is Visser gjin serieuze opsje mear foar it WK. Visser wûn de Nederlânske titel massastart, mar moat noch in limyt ride op in 5.000 meter.
"We moatte foaral yn de simmer sitte en neitinke oer wat we wolle yn it nije seizoen. En dan is Hoolwerf in opsje en dan is Visser in opsje. Dêr moat Visser him tink ik ek foaral op rjochtsje."