Liveblog | 7 jannewaris

112-nijs fan 7 jannewaris: Twa manlju fjochtsje yn auto mei berntsje op de efterbank

Yn dit liveblog hâlde we dy op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.

Lêst bywurke: 7 jannewaris, 20:07
20:07

Twa manlju fjochtsje yn auto mei berntsje op de efterbank

De plysje yn de Valeriusstraat yn Ljouwert
De plysje yn de Valeriusstraat yn Ljouwert © Kappers Media
Twa manlju binne fan 'e jûn yn in auto mei inoar op de fûst gien. Efteryn de auto siet op dat stuit ek in berntsje.

Dat barde op de Valeriusstraat yn Ljouwert. De manlju soenen rûzje krigen hawwe yn de auto, wêrnei't de iene de oar begûn te slaan. De bestjoerster hat de auto doe direkt oan de kant set.

De plysje en maresjaussee kamen te plak. De belutsenen binne apart naam, mar gjinien woe oanjefte dwaan. De plysjes koenen dêrom net folle mear as de gegevens notearje.

Der kaam ek in ambulânse te plak, mar der rekke by it ynsidint gjinien ferwûne.
16:59

Skoarstienbrân yn Akkrum

De brânwacht yn aksje yn Akkrum
De brânwacht yn aksje yn Akkrum © SRFotografie
De brânwacht fan Akkrum is fan 'e middei yn aksje kaam foar in skoarstienbrân oan de Feansterdyk yn it doarp. De brân is yntusken ûnder kontrôle, mar noch net hielendal út. Mei help fan in heechwurker wurdt besocht dat wol foar inoar te krijen.
15:43

Supermerk op De Harkema ûntromme nei lekkaazje

De brânwacht by de supermerk op 'e Harkema
De brânwacht by de supermerk op 'e Harkema © ProNews
In supermerk oan de Bouwe Harkemastrjitte op De Harkema is fan 'e middei ûntromme fanwegen in lekkaazje.
De brânwacht kaam te plak om ûndersyk te dwaan. It die bliken dat de lekkaazje yn de kuolling siet. Yn augustus en oktober fan ferline jier barde dat ek al.
Hoe lang oft de winkel noch ûntromme bliuwt, is net dúdlik.
13:43

Wetter kin wer ôffierd nei Waadsee

De slûzen by Koarnwertersân
De slûzen by Koarnwertersân © Shutterstock.com (Steve Photography)
It wetterpeil yn de Iselmar is oan it dalen. Troch in geunstige wynrjochting kin der fia de sluzen by Koarnwertersân en Den Oever folop wetter ôffierd wurde nei de Waadsee.
It wetter yn de Waadsee stiet leger as dat yn de Iselmar, wêrtroch't Rykswettersteat 4.000 kubike meter wetter de sekonde ôffiere kin de see op. Dat binne hast hûndert olympyske swimbaden de minút.
De stân fan it wetter op de Iselmar is sûnt sneontejûn al hast acht sintimeter daald. Wettereksperts fan Rykswettersteat ferwachtsje dat it foarearst mooglik bliuwt om wetter nei de Waadsee ôf te fieren.
13:15

Auto bedarret neist de dyk

auto yn berm neist de dyk n31
De auto neist de dyk by Wurdum © AS Media
Op de N31 by Wirdum is fan 'e middei in auto fan de dyk rekke. De auto kaam yn de berm neist de dyk ta stilstân. Hoe't de auto fan de dyk reitsje koe, is net dúdlik.
De bestjoerder koe sels útstappe en rekke net ferwûne. In berger hat de auto wer de dyk op lutsen.
08:15

Fjouwer brêgen yn Dantumadiel ûnder hannen naam

Trije brêgen oan it Bûtefjild by Feanwâlden en de Tienewei by Broeksterwâld krije in ûnderhâldsbeurt. It Bûtefjild is dêrom fan moarn oant en mei wike 12 ôfsletten foar auto's. Fytsers en fuotgongers kinne tidens de wurksumens gebrûk meitsje fan in needbrêge.
De brêge oan de Wâlddyk oer de Strobosser Trekfeart by Wâlterswâld krijt in nij brêgedek. Dy wurksumens duorje fan wike 3 oant en mei wike 15. It ferkear oan de Trekwei wurdt dan regele mei ferkearsljochten en in bypass.
De ôfslach nei de Dokkumerloane is tidens de wurksumens ôfsletten foar auto's. Der wurdt in omliedingsrûte ynsteld. Fytsers kinne fia it fytspaad wol oer de krusing.
walddyk strobosser trekfeart walterswald
De brêge oer de Strobosser Trekfeart by Wâlterswâld © Google Street View