Pop Awards foar SOA, Nynke Laverman en ôfwêzige Joost Klein

Pop awards
Festival SOA wint de Publykspriis © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Festival Surhuzum Open Air (SOA) en Friesenjung fan Joost Klein hawwe in Fryske poppriis yn de wacht sleept. De Fryske Pop Awards waarden sneontejûn útrikt op it Frysk Pop Gala yn Neushoorn. Yn totaal waarden der seis popprizen takend.
De Publykspriis - foar in persoan of groep dy't syn stimpel drukt hat op de Fryske popkultuer - gie nei Surhuzum Open Air. Organisator Otto Veenstra is bliid mei de priis: "Ik tink dat wy wûn hawwe, omdat wy fjouwer jier lang in tagonklik en goedkeap festival delset hawwe."
It festival is neffens him foar leafhawwers fan hurde muzyk. "It is begûn mei de namme SOA. Dat fûnen we sa'n moai idee", fertelt Veenstra. Yntusken is it festival aardich groeid. "No hawwe wy in soad frijwilligers en sponsoaren." Neffens Veenstra kin Surhuzum Open Air mei de jildpriis fan 500 euro noch bettere bands boeke.

Song fan it Jier

Friesenjung fan Britsumer Joost Klein krige de priis foar Song fan it Jier. It nûmer stie ôfrûne jier heech yn sawol de Nederlânske as de Dútske en Eastenrykske hitlisten. Joost wie der sels net by om de priis yn ûntfangst te nimmen.
Pop Awards foar SOA, Nynke Laverman en ôfwêzige Joost Klein
De priis foar bêste fideoklip gie nei rapper YannO fan Ljouwert en producer Moker_B fan Stiens mei harren nûmer Choc. De Talent Award gie nei de band Historian. De Friese Popprijs gie nei festival Explore the North.

Fertsjinste foar hiele oeuvre

Nynke Laverman krige de Bernlefpriis. dy't takend wurdt oan dejinge dy't it ôfrûne jier it measte betsjut hat foar de Frysktalige muzyk. Laverman is tankber foar de erkenning. Se sjocht de Bernlefpriis as in fertsjinste foar har hiele oeuvre.
"It tink net dat dy spesifyk oer it ôfrûne jier giet. Ik doch dit al tweintich jier. It Frysk is foar my noch hiel bysûnder om mei te wurkjen", fertelt Laverman. "Guon saken kinst net better útdrukke of komme net tichterby as yn it Frysk, myn memmetaal."
Pop awards
YannO wint in award mei de fideoclip Choc © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Neffens projektlieder Nanda Tuinstra fan de Fryske Pop Awards wie 2023 in bysûnder popjier. "Kijk alleen maar naar Song van het Jaar. Er stonden maar liefst 106 nummers op de lijst. Er is dus heel veel talent in de provincie."
Skoft-act Zea stie stil by it ferstjerren fan Marius de Boer ferline jier, platelabelbaas en sjonger fan Reboelje. Zea spile Spoekepark fan Reboelje.
Pop Awards
Nynke Laverman wint de Bernlefpriis © Omrop Fryslân, Ronnie Porte