Altyd krityske Rijpma-de Jong wol no einliks ris genietsje fan Europeeske titel op 1.500 meter

Antoinette Rijpma-de Jong
Antoinette Rijpma-de Jong © Orange Pictures
Reedrydster Antoinette Rijpma-de Jong is Europeesk kampioen wurden op de 1.500 meter. De Rottumse wie mei 1.53,48 flugger as nûmer twa Marijke Groenewoud en nûmer trije en Nederlânsk kampioene Joy Beune.
Groenewoud en Rijpma-de Jong rieden yn in de ien-nei-lêste rit tsjin inoar. Beune hie doe mei 1.55,02 noch de rapste tiid. Al frij gau waard dúdlik dat de Friezinnen dêrûnder dûke soene. Beiden giene eins de hiele rit lykop, mei úteinlik Rijpma-de Jong as winneres.
"Dizze koe ik goed brûke", seit Rijpma-de Jong, dy't de lêste moannen nei eigen sizzen in soad kommentaar krige om't se noch gjin titel pakt hie. "It fielt hieltyd al moat ik mysels ferantwurdzje wêrom ik net win. Fysyk fiel ik my goed, mar technysk slagge it efkes net. Ik wit wol dat ik it kin en hjoed kaam it der einliks út."
Technysk sjoen woe it dit seizoen dus noch net foar Rijpma-de Jong, mar dat foel sneon op syn plak mei in flugge tiid fan 1.53,48 as gefolch. "It is wol in opluchting. Ik hoopje dat ik dit lekkere gefoel trochsette kin om hiel moaie dingen sjen te litten."
De reedrydster fan Jumbo-Visma ferdigene har titel mei sukses; twa jier lyn wûn se de 1.500 meter ek op it EK ôfstannen.
Altyd krityske Rijpma-de Jong wol no einliks ris genietsje fan Europeeske titel op 1.500 meter
Regelmjittich komt yn petearen mei Rijpma-de Jong de sin 'it kin altyd better' út har mûle. Se is nochal selskritysk. Sneontejûn is dat efkes oars. En dan beseft Rijpma-de Jong dat it echt net altyd better kin. "Soms meist wol efkes stilstean by de moaie dingen. Dat is hjoed it gefal."

Persoanlik rekôr foar Groenewoud

Njonken Rijpma-de Jong stie Groenewoud op it poadium as nûmer twa. Se wie hast twa tsienden stadiger as Rijpma-de Jong, mar ried mei 1.53,66 wol in nij persoanlik rekôr. Har foarige pr stie op 1.53,99 en ried se yn desimber 2021. "Dat wie doe op it olympysk kwalifikaasjetoernoai, ja. Hy stie al efkes", laket Groenewoud.
It is foar de twadde kear yn har karriêre dat se in tiid ûnder de 1 minút en 54 sekonden rydt. "Dat is wol lekker om dat yn in fol Thialf te dwaan. Antoinette en ik lieten yn ús rit in heech nivo sjen mei syn beiden", fynt de rydster fan Team Albert Heijn Zaanlander.
Marijke Groenewoud wurdt wer twadde, mar kin dêr wol mei libje
Mar, Groenewoud is wol wer twadde. Lykas sa faak dit seizoen. Se moat genôch nimme mei it sulver en docht dat úteinlik ek wol. "Ek al hie ik graach wûn fansels. It wie gewoan in goeie race, dus dan is it wat it is. Op himsels kin ik der mei libje."
Se stiet dit wykein net hielendal mei lege hannen. Neist de sulveren medalje fan sneon wûn se freed de Europeeske titel op de 3.000 meter. Snein komt se noch yn aksje op de ploege-efterfolging en de massastart.

Smeding meldt har ôf

De Ingelske Harnzer Ellia Smeding soe ek starte op de 1.500 meter, mar se hat har nei de 500 meter fan sneontemiddei ôfmeld om't se net fit is. Smeding hopet snein wol de 1.000 meter ride te kinnen.

Utslach 1.500 meter froulju

Tiid
1. Antoinette Rijpma-de Jong (NED) 1.53,48
2. Marijke Groenewoud (NED) 1.53,66 (PR)
3. Joy Beune (NED) 1.55,02