Femke Kok beslút 'kloatewike' mei har twadde Europeeske titel op 500 meter

Femke Kok
Femke Kok rydt in eareronde yn Thialf © Orange Pictures
Reedrydster Femke Kok is foar de twadde kear yn har karriêre Europeesk kampioen wurden op de 500 meter. Yn in streekrjocht gefjocht mei Jutta Leerdam ried de Nij Beetse de fluchste tiid: 37,28 tsjinoer 37,70 foar Leerdam.
Hjirmei ferdigenet Kok har EK-titel, want twa jier lyn wie se ek al de winneres op de 500 meter. De rydster fan Team Reggeborgh iepene mei 10,40 fluch. "De iepening gie better as foarige wike. Ik hie wat rommelige dinkjes yn it rûntsje, mar dat myn basisnivo no sa goed is, bin ik hiel bliid mei."
De tiid dy't Kok sneon ried is flugger as dy fan ferline wike op it NK ôfstannen. Ek no wie it ferskil mei nûmer twa Leerdam wer grut. "Dat it ferskil lekker grut is, is foaral in hiel moai gefoel. Dat jout wol fertrouwen."
En dus mocht se wer in earerûntsje meitsje op Thialf en klonk it Wilhelmus foar har. "Dat bin ik noch net sêd hear. Dy wol ik graach noch sa faak mooglik hearre", laket Kok.
Femke Kok beslút 'kloatewike' mei har twadde Europeeske titel op 500 meter
En dat wylst it in rumoerige wike west hat foar de 23-jierrige Kok. Ofrûne wike foel se op de 1.000 meter fan it NK ôfstannen. Dêrtroch pleatste se har net foar it EK en WK ôfstannen. De seleksjekommisje fan it reedrydbûn besleat om har ek gjin oanwiisplak te jaan.
"It wie best wol in kloatewike", jout Kok ta. "Ik hie wol wat lêst fan myn fal, want ik foel hurd op myn heup. Dêr ha ik dizze wike noch wol lêst fan han. Ik bin bliid dat it no goed gien is. It iennige dat ik dwaan koe, is sjen litte dat ik it wol wurdich wie en dat ha ik wol dien. Want juster gie it twadde rûntsje yn de teamsprint ek hiel goed."
De olympyske titel ûntbrekt noch. Ik hoopje echt dat ik dat ris in kear winne kin. Dat is myn grutste doel.
Femke Kok nei har twadde Europeeske titel op de 500 meter
Yn de eagen fan Kok hie se in oanwiisplak fertsjinne op de 1.000 meter. Mei omdat se dit seizoen by de wrâldbekerwedstriden twa kear fjirde waard op dy ôfstân. Dat de KNSB dêr net yn mei gean woe, hat se no mar neist har dellein. "Ik sil my fokusje op de wedstriden dy't ik wol ride mei. Ik ha dochs gjin ynfloed op de kar dy't sy meitsje."
De Europeeske titel op de 500 meter soarget yn elts gefal foar bliidskip. En dat in wike neidat Kok ek nasjonaal kampioen waard. Tsien moannen lyn helle se de wrâldtitel op dizze ôfstân. Dan ûntbrekt der noch mar ien priis dochs? "Ja, de olympyske. Ik hoopje echt dat ik dat ris in kear winne kin. Dat is myn grutste doel."
Marrit Fledderus nei har fjirde plak op de 500 meter by it EK ôfstannen
Der wie gjin medalje foar Marrit Fledderus. Se einige efter de Eastenrykse Vanessa Herzog (37,89) as fjirde yn in tiid fan 38,00. "It is echt in minne tiid. Dan tink ik echt: wêr bin ik mei dwaande?", freget Fledderus har ôf.
De Sint Nykse baalt bot. "Ik fielde my super goed en fit. En technysk giet it folle better. Dus ik hie wol hope op wat moais. Dat it net wol, is hiel frustrearjend en leit hielendal oan mysels. Ik ferkloat dy hiele lêste binnenbocht en dat wylst ik it benammen fan myn rûntsje ha moat."
De knop sil om moatte want oer trije wiken stiet de folgjende ynternasjonale wedstriid op it programma. Dat is de fiifde wrâldbekerwedstriid fan it seizoen en dan sil Fledderus yn alle gefallen wer in 500 meter ride. En mooglik ek in 1.000 meter.
It EK ôfstannen sit der no yn alle gefallen op foar Kok en Fledderus, om't se harren dus net pleatst hawwe foar de 1.000 meter. Freed hellen se tegearre mei Antoinette Rijpma-De Jong wol it goud op de teamsprint.

Utslach 500 meter froulju

Tiid
1. Femke Kok (NED) 37,28
2. Jutta Leerdam (NED) 37,70
3. Vanessa Herzog (EAS) 37,89
4. Marrit Fledderus (NED) 38,00
15. Ellia Smeding (GBR) 39,22