Friesche IJsbond timperet ferwachtingen oer natueriis: "Wês foarsichtich en geduldich"

Sytse Kroes fan De Friesche IJsbond
Sytse Kroes fan De Friesche IJsbond © Omrop Fryslân
Reedriders moatte harren net ryk rekkenje no't de froast ûnderweis is. Dat seit De Friesche IJsbond. De omstannichheden binne op dit stuit striemin foar iisgroei. "Myn boadskip is: wês foarsichtich en geduldich. Foarearst sit ride der op natueriis net yn", seit foarsitter Sytse Kroes fan it iisbûn.
It wetter is noch te waarm, seit Kroes en boppedat wurdt der mar in pear dagen froast ferwachte. "Dat is te min." Dêr komt noch by dat It Wetterskip Fryslân noch de hannen fol hat om it oerstallige wetter kwyt te reitsjen.
It wetterpeil is oer it generaal wol sakke, mar it meallen giet gewoan troch. "Dan is it wetter yn beweging en streaming is net goed foar de iisgroei", seit Kroes.
Friesche IJsbond en Wetterskip warskôgje foar gefaarlik natueriis
Lykas De Friesche IJsbond warskôget ek It Wetterskip foar 'de gevaarlijke combinatie van ijspret en hoogwater'. "Schaatsen op water waar bemalen wordt is gevaarlijk. Het water onder het ijs heeft namelijk een sterke stroming. Door dalende waterstanden kan er bovendien lucht tussen de ijslaag en het water komen, wat ook tot gevaarlijke situaties kan leiden."

Earste riders

By de Ryptsjerksterpolder wurde nije wike tradysjoneel de earste riders ferwachte. Mar sy sille in oare polder oantreffe as yn it ferline. It wetter stiet hast 20 sentimeter heger as gewoanwei. Wa't der no trochhinne sakket, wurdt oant de knibbels ta wiet. It advys fan it iisbûn is om de iisbanen op te sykjen, want dêr is it wol feilich.