Liveblog | 6 jannewaris

112-nijs fan 6 jannewaris: Koade giel om glêdens | Auto oer de kop by Wâlterswâld

Yn dit liveblog hâlde we dy op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.

Lêst bywurke: 6 jannewaris, 17:14
17:14

Ferwûne by ûngelok yn Akkrum

Ungelok Akkrum
It ûngelok yn Akkrum © AS Media
Op de Meskenwier yn Akkrum is sneontemiddei in automobilist mei de auto fan de dyk rekke en op in beam botst.
De bestjoerder rekke ferwûne en is oerbrocht nei it sikehûs.
15:24

KNMI: jûn en fannacht koade giel foar Fryslân

Izel glêdens winter snie iis auto glêd
Koade giel fanwegen glêdens © Omrop Fryslân
It KNMI hat foar jûn, fannacht en moarnier koade giel ôfkundige foar de provinsje Fryslân. It kin neffens it waarynstitút op guon plakken glêd wurde.
De waarwarskôging jildt fan 19.00 oere ôf oant 11.00 oere. Ek foar Grinslân, Drinte en Oerisel jildt koade giel.
15:23

Skoarstienbrân yn Marrum

De brânwacht by de skoarstien
De brânwacht by de skoarstien © AS Media
De brânwacht is sneontemiddei oproppen foar in skoarstienbrân yn in wenning oan it Kerkpad yn Marrum. Doe't sy oankamen stie de wenning fol mei reek.
De skoarstien is troch de brânwacht mei help fan de heechwurker fage en de wenning wurd fentilearre.
14:53

Auto op 'e kop by Wâlterswâld

Auto op it dak nei ûngelok op de Trekwei
Auto op it dak nei ûngelok op de Trekwei © ProNews Producties
Op de Trekwei (N910) by Wâlterswâld is sneon oan it begjin fan de middei in auto oer de kop slein nei in botsing mei in oare auto.
Der rekken gjin minsken ferwûne by it ûngelok.
12:05

Frou op elektryske fyts oanriden

oanriding botsing stasjonsplein ljouwert
Frou op elektryske fyts oanriden troch auto yn Ljouwert © AS Media
By it stasjon yn Ljouwert hat fan 'e moarn in botsing west tusken in frou op in elektryske fyts en in persoaneauto. De frou foel dêrtroch fan har fyts. Sy is ûndersocht troch ambulânsepersoniel en ôffierd nei it sikehûs.
Hoe't it ûngelok barre koe, is net dúdlik.
07:15

Auto yn it wetter yn Easterwâlde

ungelok easterwalde auto yn it wetter
Auto bedarret yn it wetter yn Easterwâlde © Persbureau Meter
Yn Easterwâlde is freedtejûn in auto yn it wetter bedarre. De bestjoerder rekke yn in bocht de macht oer it stjoer kwyt, fleach út de bocht en kaam yn it wetter ta stilstân.
De bestjoerder koe op it plak fan it ûngelok oan syn ferwûnings holpen wurde en hoegde net nei it sikehûs ta. De auto rekke flink skansearre.