Ald-fuotballer fan Hearrenfean Henk Zoetendal (82) ferstoarn

Henk Zoetendal
Henk Zoetendal © Martin de Jong Fotografie
Henk Zoetendal, âld-spiler fan Hearrenfean, is yn de nacht fan tongersdei op freed yn de âldens fan 82 jier ferstoarn. Zoetendal wurdt sjoen as ien fan de bêste Fryske fuotballers ea.
Foar Hearrenfean spile hy 271 wedstriden. Dêryn skoarde hy 44 kear. Neist Hearrenfean hat Zoetendal ek foar GVAV en AZ'67 fuotballe.
Zoetendal is útroppen ta ien fan de 100 helden fan Hearrenfean. In boerd mei syn foto en in ferhaal oer syn karriêre hinget yn de grêft fan it Abe Lenstra Stadion.