Groenewoud pakt earste Europeeske titel op 3.000 meter: "It wie echt in hiele goede race"

Marijke Groenewoud is Europeesk kampioen
Marijke Groenewoud is Europeesk kampioen © Orange Pictures
Marijke Groenewoud is Europeesk kampioene wurden op de 3.000 meter. Yn Thialf fersloech se yn in persoanlik rekôr ploechgenoate Irene Schouten, dy't de lêste tiid dizze ôfstân dominearret.
Yn de slotrit tsjin de Noarske Ragne Wiklund wist Groenewoud presys wat se ride moast, want yn de rit foar har hiene Schouten en Elisa Dul al goeie tiden delset. Schouten (3.58,70) wie krekt wat flugger as Dul (3.59,30).
Wiklund wûn alle trije wrâldbekerwedstriden op de 3.000 meter, mar de Noarse ried eins hieltyd efter Groenewoud. De Hallumse hie de turbo oan en pakte alle rûntsjes mear foarsprong op it skema fan Schouten.
Marijke Groenewoud Europeesk kampioen
Uteinlik kaam Groenewoud oer de finish yn in nij persoanlik rekôr fan 3.56,27. Dêrmei wie se hast twaenheale sekonde flugger as Schouten. Wiklund treau mei 3.59,03 krekt Dul fan it poadium ôf.
It is de earste Europeeske titel fan Groenewoud. "Ik bin der superbliid mei", reagearret Groenewoud. "It wie echt in hiele goede race. Ik begûn hurd, dat wie ek de bedoeling, om myn eigen rit te riden. Dat slagge hjoed hiel goed."
Ik krige fan alle kanten te hearren dat ik altyd twadde waard, dus it is wol moai dat je no de winst pakke.
Marijke Groenewoud
Groenewoud like faak in abonnemint te hawwen op it twadde plak. Ferline wike op it NK ôfstannen waard se bygelyks twa kear twad. No wie der einliks in kear in titel. "Dat is ek wol lekker. Ik krige fan alle kanten te hearren dat ik altyd twadde waard, dus it is wol moai dat je no de winst pakke."
Oant dit momint pakte Groenewoud allinnich noch mar medaljes op teamûnderdielen as de massastart en de ploege-efterfolging. "Dus moai dat ik it no ek op de 3.000 dwaan kin. Moarn noch de 1.500 en dêr haw ik myn sinnen ek wol op set, dus moarn noch mar sa'n dei, tocht ik."
"Ik sil wol even neigenietsje, mar moarn hawwe we wer in belangrike dei, dus gewoan in goede nacht draaie en op nei moarn", slút se ôf.

Utslach 3.000 meter

Tiid
1. Marijke Groenewoud 3.56,27 (PR)
2. Irene Schouten 3.58,70
3. Ragne Wiklund (NOA) 3.59,09