Wetterskip rint tsjin grinzen oan: "Vanzelfsprekendheid niet meer vanzelfsprekend"

Wetter wurdt fuortpompt troch it Wetterskip
Wetter wurdt fuortpompt troch it Wetterskip © ANP
It is derop of derûnder foar de Fryske wettersystemen. Troch de hege wetterstannen rint Wetterskip Fryslân op it stuit tsjin syn technyske grinzen oan.
Dizze wike sette it Wetterskip saneamde retinsjepolders yn om it oerstallige wetter te bergjen. "De techniek heeft ons tot nu toe altijd geholpen, maar we merken wel dat we tegen de grens zitten van wat we kunnen en wat betaalbaar is", seit Cees Pieter van Burgsteden fan Wetterskip Fryslân.

Bewustwurding

De hege wetterstannen fan no hawwe ien foardiel, seit Van Burgsteden: der ûntstiet mear bewustwurding oer hoe kompleks it wettersysteem is. "Dat geldt voor nu, maar dat geldt ook voor de zomer waarin we zo nu en dan hele droge periodes hebben", seit Van Burgsteden.
Yn de simmer wol it Wetterskip bygelyks it wetter yn de drûge, hege sângrûnen opstowe, sadat it langer fochtich bliuwt. "Zo kijk je naar verschillende mogelijkheden om toekomstbestendiger te kunnen zijn."
Stilsitte is yn elts gefal gjin opsje, neffens Van Burgsteden. Sa't wy ús lân no brûke, kin aanst net mear, seit hy, want de hjerst en winter wurde hieltyd wieter en de simmers drûger. It Fryske lânskip soe dus oars ynrjochte wurde moatte.
retinsjepolders retentiepolder smelle ie smalle ee
De Smelle Ie wurdt ynset as retinsjepolder © CAMJO media
"De vanzelfsprekendheid is niet meer vanzelfsprekend", seit Van Burgsteden. "Daar hebben we een visie voor gemaakt, de Blauwe Omgevingsvisie." Dêryn stiet ûnder oare hoe't Fryslân omgean moat mei klimaatferoaring, seespegelstiging en boaiemdelgong, en wat dat betsjut foar de ynrjochting fan ús pronvisje.

Badkûpe

"Fryslân is een badkuip. Hoe moeten we daarmee omgaan zodat we er in de toekomst kunnen blijven werken, wonen en recreëren?", leit Van Burgsteden út. "Als je een gezamenlijke stip op de horizon hebt, dan helpt dat om maatregelen te nemen in de toekomst."
Mar dan moatte wol alle noazen deselde kant op stean. In soad grûn is boerelân, dus meiwurking fan boeren is nedich. "Vraag naar land zal er altijd blijven, maar we zien ook dat de landbouw in een transitie zit. Niet ieder bedrijf heeft een opvolger. Als je dit over een langere periode bekijkt, komt er ook ruimte in grond."

Skowe yn grûngebrûk

Neffens Van Burgsteden moat der skood wurde yn it grûngebrûk. "Sommige boerenbedrijven worden extensiever en een boer die wel intensief wil, maar op de verkeerde plek zit, kan worden verplaatst naar een andere plek. Dat zijn allemaal mogelijkheden die je moet gaan bespreken, maar we kunnen niet stil blijven staan."