Ynwenners fan De Fryske Marren stride om titel 'Alleskunner'

alleskunner wc-rollen
De dielnimmers steapelje wc-rollen © Omrop Fryslân
In sa heech mooglike steapel fan wc-rollen bouwe, in bûslampe fluch yn inoar sette en út inoar helje en in pingpongbaltsje mei in skomaat yn in bekerke krije. Dat moatst ûnder oare kinne ast dysels 'Alleskunner' neame wolst.
Yn sporthal Sportfun op De Jouwer waard freed stride om dy fûlbegearde titel 'Alleskunner fan De Fryske Marren'. Earder waard de wedstriid al organisearre foar bern, mar no mochten de folwoeksenen sjen litte wat sy yn hûs hawwe.
Ynwenners fan De Fryske Marren stride om titel 'Alleskunner'
Organisator Oene Douwe Koopmans fan Sportbedrijf De Fryske Marren krige it idee troch it telefyzjeprogramma 'De Alleskunner'. Dêryn geane 100 Nederlanners mei inoar de striid oan yn 99 spultsjes. Eltse ronde falt der immen ôf, oant úteinlik de 'Alleskunner' oerbliuwt.
Datselde prinsipe hantearje se yn De Fryske Marren, mar dan op in wat lytsere skaal. Dêr dogge der 23 minsken mei en falle der mei elts spultsje twa dielnimmers ôf.
It nivo lei heger as ferwachte.
Oene Douwe Koopmans, Sportbedrijf De Fryske Marren
En dy spultsjes gean der fanatyk oan ta. "Minsken wiene entûsjast", seit Koopmans. "By elk spultsje lei it nivo hiel heech, noch heger as by de jeugd en eins noch heger as we ferwachte hiene. Dus dêr wurde je bliid fan."

Mear bewege

It ynisjatyf moat minsken mear sporte en bewege litte: "In soad minsken sporte genôch, mar ik tink dat er ek minsken binne dy't dêr help by wolle soene. En dan is sa'n wedstriid in goede manier om dat te dwaan."
Benammen folwoeksenen kinne dat neffens him goed brûke. "Foar bern organisearje we al best wol wat aktiviteiten, dus we wolle ek 18-plussers mear yn beweging krije. Dat binne faak wol minsken dy't oan it wurk gean en dêrnei stilsitte."
alleskunner finalisten
De finalisten yn aksje © Omrop Fryslân
Dan is it tiid foar de finaleopdracht: mei in leppel in aai oer in hindernisbaan ferfiere. Nei in spannende striid is der in winner: Ronald Last mei himsels 'Alleskunner fan De Fryske Marren' neame. "Fantastisch! Niet verwacht!", seit in grutske Last. "Ik kijk het altijd op televisie en dan lijkt het goed te doen. Maar dan sta je onder druk en dan is het nog best lastig."
Oft hy nei de winst ek meidwaan wol oan it telefyzjeprogramma, wit hy noch net: "Ik sta niet zo graag in belangstelling, maar wie weet... Misschien smaakt het naar meer en heb ik toch het lef om dat te gaan doen!"