Henk de Jong en Cambuur binne derút: trainer bliuwt langer yn Ljouwert

Henk de Jong
Henk de Jong © Orange Pictures
Henk de Jong is ek takom jier trainer fan SC Cambuur. Hy ferlinget syn kontrakt, dat oan de ein fan dit seizoen ôfrinne soe, oant en mei it seizoen 2024/2025.
De 59-jierrige Drachtster hat in bysûnder jier achter de rêch. Hy waard operearre oan in kyste yn syn holle, knapte dêrfan op en stiet sûnt begjin oktober wer as haadtrainer op it fjild, nei it ûntslach fan Sjors Ultee.
De Jong liet earder al witte dat er graach by 'syn' klup bliuwe woe. "Cambuur hat myn kontrakt in jier lang trochbetelle, wylst ik siik wie", sei er in lytse moanne lyn noch yn de Sportcast fan Omrop Fryslân. "Dus ik fyn dat ik net fuortgean kin."
Hy ferwachte ek al dat se derút komme soenen. "De klup hat ek goed foar my west. Dus ik bin posityf oer kontraktferlinging. As de klup dat ek is, binne der mooglikheden."
Henk de Jong mei assistint-trainer Martijn Barto
Henk de Jong mei assistint-trainer Martijn Barto © Dijks Fotografie
Foar algemien direkteur Ard de Graaf wie der gjin twivel om De Jong langer oan de klup te binen. "Henk zijn staat van dienst bij onze club spreekt natuurlijk voor zich en na zoveel jaren samenwerken weten we precies wat we aan elkaar hebben."

Earste trainer yn it nije stadion

"Het belangrijkste was natuurlijk dat Henk weer helemaal topfit is en we kunnen beiden niet anders concluderen dan dit het geval is", giet De Graaf fierder. "Dat is op zichzelf al fantastisch nieuws en dat Henk de laatste trainer aan het Cambuurplein en de eerste trainer in het nieuwe stadion gaat zijn maakt het heel speciaal."
It rinnende seizoen is De Jong syn alfde jier yn tsjinst by Cambuur. Hy is de meast suksesfolle trainer yn de kluphistoarje, mei ûnder oare de heechste klassearring oait yn de earedivyzje.
Op it stuit stiet Cambuur op it achtste plak yn de earste divyzje.