Liveblog | 8 jannewaris

Bouwmeester nei plak 8 yn klassemint | Groenewoud pakt goud op de massastart

Yn dit blog hâlde we jo op de hichte fan de lêste ûntwikkelingen oangeande de sport yn Fryslân.

Lêst bywurke: 8 jannewaris, 07:06
moandei 8 jannewaris
07:06

Marit Bouwmeester as fluchtse oer de finish en nei plak 8 yn klassemint

Marit Bouwmeester
Marit Bouwmeester © ANP
Sylster Marit Bouwmeester hat op de tredde dei fan it WK yn Argentinië yn de Ilca 6-klasse it achtste plak yn it klassemint behelle. Bouwmeester waard yn de earste race fan de dei oertsjûgjend earste. Dêrmei die de sylster fan Warten dus goede saken foar it klassemint.
Der waard mar ien wedstriid syld yn beide startgroepen om't der tongerbuien drigen. Mirthe Akkerman fan Akkrum einige op in 20e plak yn it klassemint.
Foar de sylsters stiet op it WK de olympyske kwalifikaasje op it spul. Der is mar ien ticket yn de Ilca 6-klasse beskikber foar de Spelen yn Parys. It WK duorret nocht oant en mei 10 jannewaris.
snein 7 jannewaris
21:25

UNIS Flyers ferliest foar fjirde kear op rige

De iishockeyers fan UNIS Flyers hawwe fan 'e jûn foar de fjirde kear op rige ferlern yn de BeNeLeague. Op besite by Eaters Geleen waard it 7-2.
De Fryske doelpunten kamen op namme fan Jasper en Viktor Nordemann.
UNIS Flyers stiet no op it sechde plak yn de kompetysje, mei seis punten út seis wedstriden.
18:00

Seis kear goud, twa kear sulver en ien kear brûns op EK

In oersjoch fan de Fryske medaljes op it EK ôfstannen

Goud Sulver Brûns
Teamsprint Fledderus, Kok, Rijpma-de Jong
Ploege-efterfolging Groenewoud
Massastart Groenewoud
500 meter Kok
1.000 meter Rijpma-de Jong Prins
1.500 meter Rijpma-de Jong Groenewoud
3.000 meter Groenewoud
17:07

Groenewoud pakt ek goud op de massastart

Marijke Groenewoud (argyf)
Marijke Groenewoud (argyf) © Orange Pictures
Marijke Groenewoud hat de Europeeske titel op de massastart pakt.
Groenewoud gong der mei noch alve ronden te gean fantroch en krige Michelle Uhrig út Dútslân mei. De Italiaanske Lorenzato joech gas oan de kop fan it peloton, mar trije ronden foar de ein joech se it op.
In ronde foar de ein ride se by Uhrig wei en sa kaam se solo oer de streek. Efter har waard Uhrig noch ynhelle. Irene Schouten pakte sulver en Francesca Lollobrigida brûns.

Utslach massastart froulju

1. Marijke Groenewoud
2. Irene Schouten
3. Francesca Lollobrigida
16:39

Rijpma-de Jong: "Hiele goede stap yn de goede rjochting"

"Ik bin mei dit toernoai wol hiel tefreden", seit Antoinette Rijpma-de Jong oer har EK ôfstânnen. Se wûn twa kear goud (1.500 meter en teamsprint) en sulver (1000 meter). Dat hie se neffens har ek wol efkes nedich. No nimt se efkes rêst en sil se tawurkje nei de toernoaien yn Noard-Amearika.
Rijpma-de Jong: "Hiele goede stap yn de goede rjochting"
16:00

Sulver foar Rijpma-de Jong op 1.000 meter

Antoinette Rijpma-de Jong
Antoinette Rijpma-de Jong © Orange Pictures
Efter de grutte favorite is Antoinette Rijpma-de Jong twadde wurden op de 1.000 meter. Jutta Leerdam makke har favorite-rol wier. Yn in streekrocht duel tusken Leerdam en Rijpma-de Jong wie it Leerdam dy't rapper starte en seach dat se dat gat behâlde koe.
Nei it duel tusken Leerdam en Rijpma-de Jong kamen noch twa ritten, mar de rydsters dêryn kamen net yn de buert fan de nûmers ien en twa.
Ellia Smeding wie sneon net hielendal fit en sei ôf foar de 1.500 meter, mar snein ried se de 1.000 meter wol. De Harnzer reedrydster waard sechsde.

Utslach 1.000 meter froulju

Tiid
1. Jutta Leerdam (NED) 1.14,45
2. Antoinette Rijpma-de Jong (NED) 1.15,04
3. Vanessa Herzog (EAS) 1.15,74
6. Ellia Smeding (GBR) 1.17,19