Personielssaken fia de kompjûter? "Vraag is of FrieslandCampina daar klaar voor is"

It logo fan FrieslandCampina
It logo fan FrieslandCampina © ANP
FrieslandCampina hat it rjocht om banen fan personielssaken foar in grut part te automatisearjen en nei it bûtenlân te ferhúzjen, mar fakbûn CNV hat wol soargen oer de gefolgen.
It suvelkonsern kundige tongersdei oan dat it oer in jier de ôfdieling foar HR-saken yn Wolvegea slute wol. Dat soe 60 oant 70 minsken de baan kostje.
De administrative funksjes wurde foar in part oerhevele nei Hongarije. "En voor een belangrijk deel gaat dat werk helemaal verdwijnen", seit CNV-bestjoerder Henk Jongsma. "Voorheen konden mensen in Wolvega antwoord krijgen op hun vragen, straks gaat dat via de computer."
It nijs fan banen dy't ferdwine siet der al oan te kommen, neffens Jongsma. By FrieslandCampina ferdwine de kommende twa jier yn totaal 1.800 banen, makke it bedriuw earder al bekend. De helte dêrfan wurdt yn Nederlân skrast.
Yn 2021 gie yn Wolvegea al in finansjeel servicesintrum fan FrieslandCampina ticht. Doe ferdwûnen yn totaal sa'n 150 banen. No giet it dus om ôfdielingen fan personielssaken.
"Het komt op mij over dat de afstand tussen personeelszaken en de werkvloer fors groter wordt", seit Jongsma. "Als mensen vragen of opmerkingen hebben over hun loopbaan of hun werkzaamheden, dan wordt het moeilijker om daarover met iemand in contact te komen."
"Als FrieslandCampina daarvoor kiest, dan mogen ze dat op deze manier inrichten. We ontkomen ook niet aan de automatisering van bepaalde werkzaamheden, maar de vraag is of de organisatie daar klaar voor is."
Mijn zorg is of mensen nog voldoende worden gehoord.
CNV-bestjoerder Henk Jongsma
Jongsma hat dêr syn twivels oer. "Uiteindelijk blijven er altijd mensen nodig om het werk te doen. Zieke medewerkers moeten geholpen worden bijvoorbeeld. En het regelen van interne overplaatsingen is ook mensenwerk. Mijn zorg is of mensen nog voldoende worden gehoord."
De minsken dy't har baan ferlieze, kinne neffens de fakbûnsman wol rekkenje op in goede regeling. "We kunnen spreken van een goed sociaal plan. Ook de overstap naar ander werk, of het nou binnen of buiten FrieslandCampina is, is goed geregeld."
De fakbûnen - njonken CNV binne dat FNV en De Unie - ha op haadlinen in akkoart mei it bedriuw foar dat sosjaal plan. Uteinlik bepale de fakbûnsleden oft se der akkoart mei geane.