Ekstra polder ûnder wetter set: wetterstân yn Fryslân sakket

Dizze polder stiet ûnder wetter om it wetterpeil yn de boezem te ferleegjen
Dizze polder stiet ûnder wetter om it wetterpeil yn de boezem te ferleegjen © CAMJO media
De maatregels dy't Wetterskip Fryslân dizze wike troffen hat tsjin it hegere wetterpeil, wurkje. De trochsneed wetterstân yn de boezem is fjouwer sintimeter sakke.
It wetterskip hat in ekstra polder iepenset om wetter te bergjen, dat giet om in gebiet westlik fan De Leien. Dêr kin 0,25 miljoen kúb wetter opslein wurde.
It wetterpeil yn Fryslân is nammentlik noch altyd heech: op it stuit is de wetterstân yn de Fryske boezem (dat is it oaniensletten systeem fan kanalen en marren) gemiddeld 35 sintimeter ûnder NAP. It wetterskip stribbet nei 52 sintimeter ûnder NAP.
It wetter stiet oeral noch heech
It wetterskip naam juster nei krisisoerlis al it beslút om sân grutte polders yn it easten fan de provinsje folstrûpe te litten mei wetter.
De skowen fan de wetterwei nei de polder ta binne iepenset, sadat it wetter fuortstreame koe. It burgen wetter kin letter wer stadichoan weimealle wurde nei de boezem.
De acht retinsjepolders dy't ûnder wetter set binne
De acht retinsjepolders dy't ûnder wetter set binne © Omrop Fryslân / Wetterskip Fryslân
De acht saneamde retinsjepolders kinne mei-elkoar 4 miljoen kúb wetter bergje. It wetterskip wol it wetter yn dy polders noch in pear dagen fêsthâlde.

Needreparaasje by Eagmaryp

By Eagmaryp gong it tongersdei mis. Dêr rûn it wetter fan in polder oer de kearing hinne. In needreparaasje wie nedich: mei in graafmasine is de wetterkearing oer in lingte fan 60 meter ferhege.

Wetterpeil Iselmar 'tige heech'

Rykswettersteat meldt dat de wetterstân yn de Iselmar noch altyd tige heech is. Dat komt trochdat de marren al hiel fol sitte mei reinwetter. Op de grutte rivieren komt foar de fjirde kear in 'heechwetterweach', dat wetter bedarret foar in part ek wer yn de Iselmar.
Der kin wol wetter fan de Iselmar loasd wurde op de Waadsee. En omdat it de kommende dagen drûch liket te bliuwen, binne de foarútsichten goed.
"Wetterbehear giet foar froast"
Gewoanwei besiket it Wetterskip yn tiden fan froast om de iisgroei in hantsje te helpen. Dat gebeurt no net, dêrfoar moat earst it boezempeil op in gewoan nivo wêze.