Liveblog | 5 jannewaris

112-nijs 5 jannewaris: Auto op de kop by Aldeholtpea

Yn dit liveblog hâlde we dy op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.

Lêst bywurke: 5 jannewaris, 20:14
20:14

Auto op de kop by Aldeholtpea

Auto op de kop by Aldeholtpea
Auto op de kop by Aldeholtpea © ProNews
In auto is freedtejûn op de kop bedarre op de N31 by Aldeholtpea. De bestjoerder kaam troch noch ûnbekende oarsaak yn botsing mei in oare auto, wêrnei't er oer de kop sloech.
It is net bekend oft der immen ferwûne rekke is by it ûngelok. It ferkear yn de rjochting fan Aldeholtpea is oer de paralleldyk laat. In berger sil beide auto's ôffiere.