Fûgelgryp rjochtet slachting oan yn Waadgebiet

In klikstirns op Gryn
In klikstirns op Gryn © Omrop Fryslân
De fûgelgryp lit djippe spoaren nei yn it Waadgebiet. Mear as de helte fan de klikstirnsen en noardske falken dy't yn Nederlân oerwinterje, binne der net mear.
Se binne ferstoarn troch de fûgelgryp. Dat meldt Sovon Vogelonderzoek. Dy organisaasje krijt de lêste tiid wer mear meldingen fan deade fûgels yn en om de Waadsee.
Dat it hjir sa bot mis giet mei de klikstirns (grote stern) hat grutte gefolgen, seit Albert de Jong fan Sovon. In grut part fan dy fûgels briedt yn Nederlân.

Utstoarn yn Fryslân

It kin wol 15 oant 20 jier duorje foardat de populaasje wer op it âlde nivo is. En dat is dan noch it geunstige senario, seit De Jong, want as de fûgelgryp oanhâldt, kin it noch folle langer duorje.
De klikstirns is as briedfûgel útstoarn yn Fryslân. Yn 2017 kaam troch heechwetter in ein oan de koloanje op de Feugelpôlle op It Amelân en de fûgelgryp makke in ein oan de iennich oerbleaune briedkoloanje op it Waadeilantsje Gryn.

Hûnderten deade pauguozzen

De fûgelgryp easket ek in protte slachtoffers ûnder de pauguozzen: sa'n acht persint fan de populaasje is no dea.
In deade paugoes by Holwert: in slachtoffer fan de fûgelgryp
In deade paugoes by Holwert: in slachtoffer fan de fûgelgryp © ANP
"Twee jaar geleden vonden we al honderden dode brandganzen langs de Friese kust", seit De Jong. "Dit najaar zien we dat weer. Het aantal meldingen van dode brandganzen is behoorlijk toegenomen."
As soarte sil de paugoes it wol oerlibje: der binne in hiele protte fan.

Rôffûgels

De fûgelgryp treft benammen wetterfûgels, seit De Jong, mar rôffûgels ha der ek lêst fan. De noardske falk (slechtvalk) bygelyks.
"Ze eten watervogels die besmet zijn, en dan legt zo'n valk ook het loodje."
Om't er oare fûgels fret, krijt de noardske falk earder fûgelgryp
Om't er oare fûgels fret, krijt de noardske falk earder fûgelgryp © Shutterstock.com (Ondrej Prosicky)
"Heel veel van die valken gaan dood. Dat zien we vooral in het noorden van het land."
De Jong hopet dat it firus gau de wrâld út is. "Het is nu wereldwijd aanwezig, dus dat zal heel moeilijk zijn."
"Ieder seizoen zien we dat andere soorten getroffen worden. Het ene seizoen de smient, dan de knobbelzwaan. Het gaat het hele jaar door."
Wat helpe soe, is faksinaasje yn de plomfeesektor, seit De Jong. "Daar komt het virus vandaan. Er zijn al plannen voor. Uiteindelijk moeten wilde vogels resistentie opbouwen."