De Harmonie yn Ljouwert is al 150 jier in plak foar elkenien

De Harmonie yn 1933
De Harmonie yn 1933 © Historisch Centrum Leeuwarden / H.A. Rollema
Stedsskouboarch De Harmonie yn Ljouwert bestiet yn 2024 150 jier. De sosjéteit waard yn 1874 oprjochte foar alle ynwenners fan de stêd.
"Kijk, dit is het echte officiële begin", seit Pieter van der Ende fan it Historisch Centrum yn Ljouwert. Hy set in doaze op tafel: it HCL hat in folslein argyf fan De Harmonie lizzen.
Van der Ende hellet in wyt papier út de doaze tefoarskyn. Mei swarte letters stiet der leening van 150.000 gulden op. "Dat waren toen de bedragen die nodig waren om de nieuwe sociëteit te bouwen. Het werd een doorslaand succes."
De Harmonie Ljouwert bestiet 150 jier
De Harmonie wurdt ein desimber 1874 as sosjéteit oprjochte, sa is te lêzen yn it dokumint. It gebou komt sân jier letter, mar de klup sels is dan al aktyf. De Harmonie is in klup foar alle Ljouwerters, fertelt Van der Ende.

Elite

Der wiene al ferskate sosjéteiten yn Ljouwert, mar dy wiene benammen foar de elite. Groepen as Amicitia en De Groote Sociëteit wiene net foar de ynwenners mei de lytse beurs.
"Daar wilden een paar edelen een eind aan maken", seit Van der Ende. "Een groep mannen wilde dat iedereen kon genieten van theater, cultuur en andere activiteiten. Zo kwam De Harmonie tot stand."
De Harmonie yn Ljouwert
De Harmonie yn Ljouwert © Harmonie
It wie dus net allinnich in gebou, seit Van der Ende. "Het was een ontmoetingsplek voor inwoners van de stad. Er was eerst veel meer te doen dan alleen naar het theater gaan. Je kon er kegelen, lezen en later naar de bioscoop. Nu is het weer terug naar de functie van schouwburg, maar het was in de vorige eeuw veel meer dan dat."
Pieter van der Ende fan it Historisch Centrum Leeuwarden
Pieter van der Ende fan it Historisch Centrum Leeuwarden © Omrop Fryslân
De Harmonie is ferskate kearen ferboud. It hjoeddeistige gebou waard yn 1995 ôfmakke. Doetiidsk keninginne Beatrix iepene it pân.
Yn de hiele skiednis ha der talleaze grutte optredens west en kamen ferskate ferneamde persoanen op besite. Dit jier stiet De Harmonie mei tal fan optredens en feestlikheden stil by it jubileum.