Kjeld en wurgens: sa bedarre in Frysk skip mei 17 bern op de rotsen yn Noarwegen

It skip Noorderlicht op de rotsen
It skip Noorderlicht op de rotsen © Reddingstsjinst Noarwegen
De kapitein lei te sliepen en de útkyk wie net oan dek. It snijde dy nacht. En doe makke de stjoerman in flater.
Mei 17 skoalbern oan board rekke it skip Noorderlicht oan de grûn by in eilân yn Noarwegen. It tuchtkolleezje foar de skipfeart hat de stjoerman en de kapitein dêr no foar bestraft.
It skip Noorderlicht (46 meter lang) is fan in bedriuw út Akkrum en waard brûkt foar in ûnderwiisprogramma foar learlingen fan Nederlânske middelbere skoallen.
Doe't it skip op 23 maart 2023 yn Noarwegen oan de grûn rûn, wiene der 17 bern oan board fan 14 oant 17 jier âld.
Om middernacht hie de wikseling fan de wacht west. Doe krige de stjoerman de lieding oer it skip. De kapitein hie him wiisd op twa nauwe passaazjes tusken de fjorden dêr't it skip dy nacht trochhinne farre soe.
De passaazje dêr't it skip úteinlik oan de grûn rûn, waard net bepraat, mar wie wol smeller as de oare twa, soe de stjoerman letter ferklearje.
Hy fear op de automatyske piloat. Troch de snie wie it sicht net goed. Om healwei trijen nachts gie it mis.
It skip Noorderlicht
It skip Noorderlicht © Rob Oo (Flickr.com)
Neist de stjoerman wie der in twadde bemanningslid bûten: de útkyk. Flak foardat it skip oan de grûn rekke, stjoerde de stjoerman de útkyk nei binnen, nei de navigaasjekeamer, sadat er de skaal fan de elektroanyske seekaart oanpasse koe. De Noorderlicht hat gjin stjoerhut.
De stjoerman hie te let yn de gaten dat er út koers rekke wie.
"Ik denk dat ik de fouten heb gemaakt door kou en vermoeidheid. Ik had drie weken ervaring op de Noorderlicht", sei er tsjin it tuchtkolleezje.
"Met het varen onder deze omstandigheden had ik geen ervaring. Dit was voor mij voor het eerst. Het was ook voor het eerst dat ik in dit gedeelte van Noorwegen voer."

Kapitein bliuwt oan board

Der wiene yn totaal 26 minsken oan board doe't it skip oan de grûn rekke. Dy rekken net ferwûne.
De kapitein en de masinist bleaunen oan board en de oaren fearen mei in lyts boatsje nei it eilân. Dêr binne se ophelle troch in frachtskip. De Noarske rêdingsbrigade hat se nei in oar skip brocht, dêr't se mei nei de fêstewâl brocht binne.
In sleepboat hat de Noorderlicht om it middeisoere hinne wer loslutsen fan de rotsboaiem. De skea foel ta. It skip hie gjin wetter makke.
Sa kaam de Noorderlicht wer yn de haven
"In mijn schriftelijke verklaring staat dat ik niet geschikt ben om op deze wijze te varen. Daarmee bedoel ik: zonder binnenbrug, in de kou en sneeuw en zonder zicht op de zeekaart", sei de stjoerman tsjin it tuchtkolleezje.
"Achteraf gezien had ik de kapitein erbij moeten roepen toen deze nauwe passage eraan zat te komen. Dat zou ik dan zo'n kwartier van tevoren hebben gedaan, toen er nog een mogelijkheid was om een andere route te kiezen."
It skip Noorderlicht
It skip Noorderlicht © Shutterstock.com (Frank Wasserfuehrer)
No noch hat de stjoerman lêst fan wat der doe bard is, seit er.
"Het voorval heeft mij zowel professioneel als persoonlijk diep geraakt, vooral ook omdat ik besef dat het veel slechter had kunnen aflopen. Ik heb het er moeilijk mee."

Tarieding wie 'erg marginaal'

De kapitein giet ek net frijút, stelt it tuchtkolleezje. Dy hie de reis better tariede moatten.
De kapitein sels seit achterôf dat de tarieding "erg marginaal" wie, en dat de kommunikaasje mei de stjoerman folle better moatten hie.
"Of daarmee de uiteindelijke stranding voorkomen had kunnen worden, is iets anders. Maar ik acht de kans wel groter dat, bij een goede reisvoorbereiding, waarbij dan ook deze passage goed in beeld zou zijn geweest en goed zou zijn doorgesproken, de Noorderlicht er zonder kleerscheuren doorheen was gekomen."

Utspraak tuchtkolleezje

It tuchtkolleezje sjocht it ûngelok as in direkt gefolch fan de stjoerflater, mar dy kin net los sjoen wurde fan it tekoartsjitten fan de tarieding fan de reis. Dat der 17 bern oan board wiene, makket de situaasje noch slimmer, seit it kolleezje.
It skip Noorderlicht yn Lauvsnes (Noarwegen)
It skip Noorderlicht yn Lauvsnes (Noarwegen) © NRK
"Een schorsing van de vaarbevoegdheid is daarom op zijn plaats." Omdat der gjin persoanlike ûngelokken wiene, en omdat de stjoerman en de kapitein sjen litten ha dat se leard ha fan it ynsidint, is in part fan de straf ûnder betingst.
It foech om de farren fan de stjoerman en de kapitein wurdt foar trije wiken ynlutsen. Twa wiken dêrfan binne ûnder betingst.
De rederij fan it skip hat yntusken ek maatregels naam. De Noorderlicht mei allinne noch mei deiljocht by de Noarske kust delfarre, en boppedat moatte der dan altyd twa offisieren op wacht wêze.
Dit artikel is makke op basis fan de útspraken fan it tuchtkolleezje foar de skipfeart yn de saken tsjin de stjoerman en de kapitein fan de Noorderlicht.