Fryske gemeenten wolle winteropfang earder iepen foar dakleazen, mar it jild ûntbrekt

By hokker kritearia moat de winteropfang iepen?
By hokker kritearia moat de winteropfang iepen? © ANP
Dakleazen moatte by min waar earder tagong krije ta winteropfang. Dêroer binne opfangorganisaasje Wender en de Fryske gemeenten it iens. Mar om it safier te krijen moat it Ryk mear ta de bûse.
De winteropfang iepenet allinne by echte froastkjeld. Op dit stuit is dêr noch gjin sprake fan, de temperatuer leit noch boppe nul. Mar mei it wiete waar sit de nachtopfang wol fol by Wender. Dat is de organisaasje dy't opfang en stipe jout oan dak- en thúsleazen yn Fryslân.

"Ynhumaan"

Dizze wurkwize moat oars, fynt strjittedokter Michelle van Tongerloo fan Rotterdam. Yn de lanlike media bringt sy de kwestje op it aljemint: de winterkjeldregeling foar dakleazen is "raar, inefficiënt en inhumaan", seit sy.
Wender-direkteur Klaas Groenveld kin him wol yn dat stânpunt fine, hielendal troch de oanhâldende, einleaze rein fan de ôfrûne moannen. "Het zijn donkere dagen en je merkt dat het niet fijn is op straat."
Dakleaze-opfang Wender yn Ljouwert
Dakleaze-opfang Wender yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Sian Wierda
Groenveld is der dúdlik oer: eins sjocht eltsenien it leafst dat dizze groep minsken in fêst dak boppe de holle krijt. Tagelyk is de realiteit dat soks net fuortendaalks helber is en dat it klimaat yn beweging is. "Het wordt gewoon veel vochtiger in deze tijd van het jaar."
De opfang fan dakleazen wurdt yn Nederlân regele troch 'sintrumgemeenten.' Dizze gemeenten krije jild fan it Ryk om dakleazens oan te pakken. "Leeuwarden ontvangt het geld namens alle Friese gemeenten en geeft het vervolgens ook uit", fertelt wethâlder Hein Kuiken fan Ljouwert.
Kuiken is it wol iens mei Wender-direkteur Groenveld. "Ik denk dat het goed is dat de Friese gemeenten het gesprek aangaan met Wender. De echter winterkou komt wat minder voor, maar je ziet wel vaker andere weersextremen."

Tekoart fan 1 miljoen

De reewilligens by Ljouwert as sintrumgemeente is lykwols net it probleem, seit Kuiken. Dat leit mear by it Ryk. Kuiken jout oan dat der op dit stuit in tekoart fan likernôch 1 miljoen euro is op de útkearing foar maatskiplike opfang, dy't by it Ryk weikomt.
Dat tekoart hat te krijen mei it feit dat it Ryk dizze útkearing noch net yndeksearre hat. Dat wol sizze dat it bedrach oanpast wurdt oan de ynflaasje.
Het is één van de onderdelen waarop gemeenten inadequaat worden gefinancierd.
Wethâlder Hein Kuiken fan Ljouwert
"Het is één van de onderdelen waarop gemeenten inadequaat worden gefinancierd", seit Kuiken. Eintsjebeslút giet it dus te'n koste fan de opfang fan dakleazen. "Dit soort tekorten kunnen gemeenten niet eindeloos blijven dragen, want dan gaan ze ten koste van andere voorzieningen."
Wethâlder Hein Kuiken fan Ljouwert
Wethâlder Hein Kuiken fan Ljouwert © Omrop Fryslân
By frouljusopfang is ek sprake fan in tekoart fan sa'n 1 miljoen euro en de finansjele perspektiven binne op dit stuit ek net goed, fertelt Kuiken.
Wender wurdt finansiere troch de Fryske gemeenten en sjocht dit probleem ek. "We hebben er gedurende het jaar met de gemeenten overleg over, we kunnen dit in die zin snel op de agenda zetten. Maar gemeenten zitten wel met een begroting en dat maakt het een financiële kwestie."

Gefoelstemperatuer?

Mocht it jild der al komme, dan moatte oerheid en opfang it noch wol iens wurde oer de nije betingsten foar winteropfang. "Nul graden is makkelijk meetbaar: je pakt de thermometer erbij", seit Groenveld. "Maar gezondheid is veel lastiger. Wat is gezond qua gevoelstemperatuur bijvoorbeeld? Of qua vochtigheid?"
Groenveld sjocht mooglik wol wat yn it hantearjen fan de gefoelstemperatuer. "We willen niet dat mensen ziek worden en longontsteking krijgen. De afgelopen jaren gingen winters nog wel gepaard met droge perioden, maar we zien nu dat het vanaf oktober één natte boel is."
Dakleas wêze is net noflik yn wiet waar
Dakleas wêze is net noflik yn wiet waar © Shutterstock.com (DjordjeM)
De oprop fan Wender is begryplik, fynt wethâlder Kuiken. "We zijn ontvankelijk voor elkaars wensen, noden en problemen. Ik kan me wel voorstellen dat we dit snel agenderen: ik vind het een terecht punt."
Gemeente Ljouwert besiket troch lobby it Ryk te bewegen om dochs mear jild frij te meitsjen. Oant dy tiid moatte dakleazen it dwaan mei útdielde tinten, de reguliere nachtopfang en needoplossingen by ekstreme waarsomstannichheden.