FrieslandCampina slút HR-ôfdieling yn Wolvegea: tsientallen meiwurkers reitsje baan kwyt

De lokaasje fan FrieslandCampina yn Ljouwert
De lokaasje fan FrieslandCampina yn Ljouwert © ANP
Suvelkonsern FrieslandCampina wol yn jannewaris takom jier de ôfdieling foar HR-saken yn Wolvegea slute. Der sille nei alle gedachten sa'n sechtich oant santich banen ferdwine.
It giet om administrative funksjes, dy't oerhevele wurde nei it kantoar fan FrieslandCampina yn Hongarije. Dêrmei wol it bedriuw kosten besparje en effisjinter wurkje.
It personiel en de fakbûnen binne neffens it bedriuw op 'e hichte steld fan it foarnimmen.
"Het komend jaar gaan we bekijken welk werk er precies over gaat naar Boedapest. De meeste banen zullen verdwijnen", neffens wurdfierder Jan-Willem ter Avest.

Ferpakkingssintrum bliuwt

It ferpakkingssintrum foar tsiis yn Wolvegea giet foarearst net ticht. Der wurkje yn totaal mear as fjouwerhûndert minsken op de lokaasje.
FrieslandCampina sit yn in finansjeel drege perioade. Yn it earste diel fan 2023 sakke de nettowinst mei 94 persint nei 8 miljoen euro. Yn 2022 wie de winst oer it hiele jier 292 miljoen euro.
By it bedriuw ferdwine de kommende twa jier 1.800 banen. De helte dêrfan wurdt yn Nederlân skrast. De suvelkorporaasje moat flink besunigje: oant 2026 giet it om in bedrach tusken de 400 oant 500 miljoen euro.
Yn 2021 gie yn Wolvegea al in finansjeel servicesintrum fan FrieslandCampina ticht. Doe ferdwûnen yn totaal sa'n 150 banen. De ôfrûne jierren is it bedriuw al dwaande wurksumheden nei it bûtenlân te ferpleatsen.