Alpaka’s oan it poatsjebaaien by de Warkumerwaard troch heechwetter: “Het was billenknijpen”

De alpaka's fan de buorkerij hoege dizze dagen net fier om mei de poaten yn it wetter te stean
De alpaka's fan de buorkerij hoege dizze dagen net fier om mei de poaten yn it wetter te stean © Veronique Hofman
De alpaka's fan Alpaca World Friesland by Warkum skarrelje ek winterdeis noch wolris bûten om. Mar troch it hege wetter is fan de tsien bunder lân sa'n njoggen bunder ûnderstrûpt.
De alpakabuorkerij fan Veronique Hofman leit oan de westkust fan Fryslân. Allinne in stripe Warkumerwaard leit noch tusken de buorkerij en de Iselmar en dat koene se de ôfrûne dagen goed fernimme.
Hofman wennet no 23 jier op de buorkerij en hat dit noch noait meimakke. Allinne yn 1961 hat it wetter ris heger stien, wist har skoanmem te fertellen.

"Heel spannend"

Yn de nacht fan tiisdei op woansdei fûn Hofman it mei de stoarm wol benearjend, ek om't se doe allinne thús wie. "Het was heel spannend. Waar gaat het water heen? Komt het aan de voordeur? Komt het in de hokken? Alpaka's kunnen het land niet in. Het was wel even billenknijpen", jout sy ta. "Vreselijk."
De alpaka's sitte binnen fanwegen it heechwetter
De oare moarn seach se hoe fier it wetter kaam wie. "Wij liggen wat hogerop en gelukkig staan de beesten nog droog."
Se binne ek wol te kuierjen mei de alpaka's nei it strân. Mar de fraach wie doe: is der noch wol strân? "Het strand staat helemaal onder water. Ik heb dit nog nooit meegemaakt in die 23 jaar dat wij op de boerderij zitten. Het was een geluk dat de wind wat terugzakte en het water terugtrok."
It wetter lûkt al wat werom fan it terrein fan Alpaca World Friesland (by it oranje dak)
It wetter lûkt al wat werom fan it terrein fan Alpaca World Friesland (by it oranje dak) © Omrop Fryslân
Hofman ferwachtet net dat der noch ekstra problemen komme troch it wetter, mar se hopet dat it gau foarby is.
"De beestjes horen buiten te zijn en niet de hele dag in een hokje te zitten. Maar ze kunnen voorlopig het land niet in."

Swimme yn de drek

Ek by de besiten oan de alpaka's moatte se rekken hâlde mei de omstannichheden. Fjouwer fan de wollige bisten bliuwe om beurten bûten. Oars wurdt it in binde. "Dan gaan ze liggen zwemmen in de blubber en ze vertrappen alles. Dat wolle je net", seit Veronique.
Mei de alpaka's op 'en paad
Mei de alpaka's op 'en paad © Veronique Hofman
Der is omraak krûpt en tute mei de alpaka's, want de besikers koenen noch wol gewoan delkomme op de spesjale iepeningsdagen op 3 en 4 jannewaris.