Figuranten krúsjaal foar musical De Tocht: “Wij leerden de cast beter schaatsen”

Frijwilligers fan musical De Tocht mei yn de midden Baukje de Boer
Frijwilligers fan musical De Tocht mei yn de midden Baukje de Boer © Omrop Fryslân
Wa't nei musical De Tocht giet, sjocht tsientallen figuranten oer it iis riden. Dat binne allegear frijwilligers. Yn it Friso Teäter yn Ljouwert repetearret en spilet de groep alle jûnen yn in oare gearstalling.
Hast 300 frijwilligers steane op de list fan figuranten. Se komme fan Dronryp oant Rotterdam en Almelo.
"En der steane ek noch guon op de reservelist", seit Baukje Westra, koördinator fan de figuranten. Alle jûnen steane der tritich fan op de draaiende iisskiif fan de musical.
Benaud wêze dat der te min binne, hoecht Westra dus net. Ek net no't de musical mei twa moannen ferlinge is, oant en mei april.

Audysje

Baukje de Boer is sa'n frijwilliger en hat oerdeis hiel wat oars te dwaan. Se wurket op it Bogerman College yn Snits, mar hat yn de jûn en it wykein tiid foar de musical. "It is krekt as dat minsken fuotbalje in soarte fan hobby. De groep is hiel hecht."
De cast fan De Tocht
De cast fan De Tocht © Lucas Kemper
De figuranten binne troch de Sven Kramer Akademy goedkard en troch de audysje kaam. "Dat moat wol, want oars is it ek net feilich", seit De Boer. Oft der wolris minsken ûnderút geane by de foarstelling? "Jawol, mar nea hiel slim, en oars falt it net op, want der sitte ek fallen yn de foarstelling dy't pland binne."

Fokus

By de briefing yn it foar wurde dus ek altyd strang alle feiligensmaatregels trochnaam: trochride oant de 'garaazje', fan it iis ôf foar't it iis begjint de draaien, net op de telefoan yn de tuskentiid, dan ferlieze je de fokus.
Hechte groep frijwilligers is krúsjaal foar musical De Tocht
Tongersdei wie it eksakt 27 jier lyn dat de lêste tocht ferriden is. By in pear figuranten komme de oantinkens werom.
"Als je dan in het donker in de coulissen staat voor de voorstelling, en het is helemaal stil, is het net alsof je weer aan de start staat, vol in de concentratie", seit in figurant út Noard-Hollân.
De figuranten en de professionele cast folje inoar moai oan, seit Westra. "De figuranten ha de cast leard hoe't se better ride moatte, de cast hat de figuranten aktearwurk bybrocht."
De musical gie op 1 oktober yn premjêre yn it Friso Teäter yn Ljouwert. It krige wikseljende resinsjes yn de ferskate media. Oant no ta binne der 150.000 kaarten ferkocht. De Tocht is mei twa moannen ferlinge en is noch te sjen oant en mei april.