Finaleflok Flyers giet troch nei sechde ferlies: "Dit is wol hiel soer"

UNIS Flyers, iishockey
Teloarstelling by Mike Collard en Dennis Sikma © Dijks Fotografie
UNIS Flyers en finales binne de lêste oardel jier gjin goede kombinaasje. De lêste seis finales waarden allegear ferlern.
Sa wie woansdei Snackpoint Eaters Limburg nei ferlinging mei 4-3 te sterk foar de Feanster iishockeyers. De Limboargers wûnen dêrmei de earste BeNe League Cup.
Dat de ploech fan Mike Nason ferlear, kin it team himsels ferwite. It stie nammentlik mei 3-0 foar yn it hol fan de liuw. "Ik hie it idee dat Geleen der net echt yn leaude, oant it 3-0 stie", sei Dennis Sikma fan de Flyers. "Doe makken se in goal en doe noch in goal."
Yn in koart skoftke tiid kaam Geleen werom oant 3-2. Yn de tredde perioade waard it sels 3-3. De Limboargse spiler yn tsjinst fan de Feansters, Bob Gerretsen, seach dat syn ploech it harsels oandie. "Na de 3-3 beginnen we weer fatsoenlijk te ijshockeyen."
Flyers smite foarsprong fuort en ferlieze finale BeNeLeage Cup
Gerretsen hie neat leaver dien as wûn yn Geleen tsjin de ploech út syn provinsje. Dêr stie er ôfrûne seizoen ûnder kontrakt. "Ik was heel erg gebrand en ik wilde zeker winnen. Jammer dat het niet zo is gegaan. Dit is echt balen."
Foar Feanster Sikma is it ferlies in bittere pil. Hy beseft as gjin oar dat de finaleflok fan de Flyers sa grutter en grutter wurdt. "We ha mar ien finale wûn mei Hearrenfean de ôfrûne jierren, dus we wiene der wol op brâne dizze oerwinning te pakken."

De ferlerne finales fan de Flyers

24 septimber 2022 HIJS Hokij-UNIS Flyers 4-3 Ron Berteling Schaal
22 jannewaris 2023 HIJS Hokij-UNIS Flyers 2-1 Nederlânske beker
26 febrewaris 2023 HIJS Hokij-UNIS Flyers 3-1 Nederlânske titel
24 septimber 2023 HIJS Hokij-UNIS Flyers 6-3 Ron Berteling Schaal
25 maart 2023 UNIS Flyers-Bulldogs Luik 0-3 (lêste wedstriid yn in best-of-five) BeNe League
3 jannewaris 2024 Snackpoint Eaters Limburg-UNIS Flyers 4-3 BeNe League Cup
Frustraasjes wiene der nei ôfrin by de Flyers fanwege in ynsidint yn de tredde perioade. In spiler fan de Eaters makke in hurde triuwflater, mar nei lang beried joegen de skiedsrjochters him gjin straf.
"Ik vond het heel apart", seit Gerretsen. "Ik heb nog nooit gezien dat zoiets geen straf is als je iemand vol in de rug rijdt." Ek yn de eagen fan Sikma gie de arbitraazje dêr de mist yn. "Dan is dit wol hiel soer, hielendal nei in 3-0 foarsprong. It fielt wol of ha we dizze út hannen jûn."