Sirkus Salto wer iepen nei stoarmskea: "Help út it hiele lân"

Sirkus Salto kin wer iepen
Sirkus Salto kin wer iepen © Omrop Fryslân
Sirkus Salto hat tongersdei wer syn earste foarstelling spile. De tinte by de Aldehou yn Ljouwert rûn woansdei flinke skea op by stoarm Henk.
Sirkusdirekteur Sander Balk hie net ferwachte dat der sa gau wer in show opfierd wurde koe. "It wie in ravaazje yn de tinten: skuorren deryn en gatten. It wie ferskriklik."
Tankber publyk en in emosjonele direkteur; Sirkus Salto is wer iepen
Balk stie der gelokkich net allinnich foar. "Der kaam help út it hiele lân. Kollegasirkussen en ferhierders hawwe tintsjes brocht. Freonen fan freonen út Soest dy't hjir ynienen it terrein oprinne om te sjen oft sy wat dwaan kinne." Der waard neffens Balk sels iten oanbean.
"Hiel bysûnder en hiel emosjoneel", seit de sirkusdirekteur. Hy hat wol in ferklearring foar dy belutsenens. "In hiel soad minsken kenne it sirkus en witte hoe djip it by my sit. It is myn libben."

Finansjele skea

In oantal foarstellings koe net trochgean fanwegen de skea. Dêr binne ekstra foarstellings foar yn it plak kaam. Minsken dy't net op in oare dei kinne, krije harren jild werom.
SanderBalk
Sirkusdirekteur Sander Balk iepenet de earste foarstelling nei stoarm Henk © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Oer de finansjele gefolgen kin Balk noch net in soad sizze: "Wy moatte earst spylje en dêrnei sjen wat de skea is."
De fraach oft de tinte der wol stean moatten hie mei de stoarm kin noch wolris wat lijen opsmite mei fersekering.