Boargemaster Amelân ropt op nei te tinken oer Sunneklaas: "Zeker dingen misgegaan"

Boargemaster Leo Pieter Stoel fan Amelân
Boargemaster Leo Pieter Stoel fan Amelân © Omrop Fryslân
"Hoe kunnen wij de traditie van Sunneklaas in de toekomst beschermen en behouden?" Dy fraach stelt boargemaster Leo Pieter Stoel oan de Amelanners.
Stoel ropt se yn syn nijjierstaspraak op om nei te tinken oer hoe't it Sunneklaasfeest der yn de takomst útsjen moat. "Tradities zijn belangrijk en moeten gekoesterd worden, ze geven onze gemeenschap kleur", sei Stoel.
"Tegelijkertijd kunnen we constateren dat ons feest in december veel aandacht heeft gehad in de media en dat er met een klein aantal mensen ook zeker dingen mis zijn gegaan."
In eardere fiering fan Sunneklaas
In eardere fiering fan Sunneklaas © ANP
In kameraploech fan de omrop PowNed kaam op 5 desimber nei it feest op it eilân. Dat resultearre yn in konfrontaasje tusken de sjoernalisten en lilke eilanners. It nijs soarge foar in soad opskuor yn it lân. It strafrjochtlik ûndersyk is noch yn folle gong.
Boargemaster Stoel wol dêrom - njonken syn nijjierstaspraak - fierder ek gjin taljochting jaan oer stân fan saken rûnom Sunneklaas en hoe't neffens him it lokale feest yn de takomst foarmkrije moat.
Boargemaster Leo Pieter Stoel mei syn nijjierstaspraak
Boargemaster Leo Pieter Stoel mei syn nijjierstaspraak © Gemeente Ameland
Stoel helle yn syn nijjierstaspraak ek de tsjinstregeling fan de fearboat oan dy't yngreven feroare is en de berikberens fan It Amelân yn it algemien. Ek de brân op it frachtskip Fremantle Highway yn july fan ôfrûne jier kaam oan bar.