Wetterskip nimt ekstra maatregels: polders iepen om wetter te sprieden

retinsjepolders retentiepolder smelle ie smalle ee
De skowen binne iepenset by polder by Smelle Ie © CAMJO media
Wetterskip Fryslân set sân polders iepen om it oerstallige wetter te sprieden. Dat moat foarkomme dat it wetter op oare plakken te heech komt. Dat hat it wetterskip nei krisisoerlis besletten.
De polders binne de ôfrûne jierren geskikt makke foar it doel om wetter tydlik op te slaan. Guon dêrfan binne alris ynset, mar noch noait safolle tagelyk.
Om de polders brûke te kinnen, wurde se ôfsletten foar bemealling. Troch se folrinne te litten, kin in fierdere tanimming fan de boezemwetterstân mei trije sintimeter foarkaam wurde. It burgen wetter kin letter wer stadichoan weimealle wurde nei de boezem.
It Eilân-East by Goaiïngahuzen op argyfbyld, ien fan de retinsjepolders
It Eilân-East by Goaiïngahuzen op argyfbyld, ien fan de retinsjepolders © ANP
It giet om polders by Burgum (Soestpolder), Goaiïngahuzen (It Eilân), Beetstersweach (Simmerpolder), Donkerbroek, Easterwâlde (De Harken), Mildaam en Smelle Ie. Dy lêste is de grutste, dêr kin 1,36 miljoen kúb opfongen wurde.
It wetterskip set no dus sân fan dy polders yn, fan de yn totaal fjirtjin. It giet no om allinnich gebieten oan de eastkant fan de provinsje. Dêr is de ôfrûne dagen in soad wetter hinne gien, troch de westewyn.
De sân saneamde retinsjepolders dy't no ynset wurde
De sân saneamde retinsjepolders dy't no ynset wurde © Omrop Fryslân / Wetterskip Fryslân
De wetterstân yn de Fryske boezem (dat is it oaniensletten systeem fan kanalen en marren) is op it stuit gemiddeld 31 sintimeter ûnder NAP. "Dat is hoog, als je nagaat dat het gemiddeld 52 centimeter onder NAP is", seit dykgraaf Luzette Kroon. "En als we tegen de 30 zitten, dan schalen we op. Dat moment is nu gekomen dus."
By it wetterskip wie de ferwachting dat se de polders mar ien kear yn de tritich jier yn hoegden te setten om heechwetter tsjin te gean. "Maar met de huidige klimaatverandering durf ik niet te zeggen dat we dat dat daadwerkelijk volhouden, ik denk dat we dit wel vaker moeten doen."
Dykgraaf Luzette Kroon: "Dit is het moment om dit te doen"
Johan Mast kin dat befêstigje. Hy wennet flakby de Smelle Ie, in gebiet flakby Drachten dat no ûnder wetter set wurdt. "Dit is de twadde kear yn twa jier tiid. Myn heit hat hjir tritich jier wenne, dy hie it noch noait sjoen. En no al de twadde kear yn twa jier, dat seit wol wat oer de tiid dêr't we yn libje."

Grutste iisbaan fan Nederlân

Hy sjocht it posityf yn. "It is in moai gesicht. En se ha it goed timed, want nije wike sil it frieze. Dus as dat wat trochset, ha we hjir aanst de grutste iisbaan fan Nederlân."
"As it meisit, ha we hjir aanst de grutste iisbaan fan Nederlân"
De ôfrûne dagen binne der al oare maatregels naam, lykas it pleatsen fan sânsekken op ferskate plakken.
"Bij alle te nemen maatregelen ligt de prioriteit op het beschermen van woningen en bedrijfsgebouwen", melde it wetterskip earder al.
Fryslân hat yn totaal 14 saneamde retinsjepolders, dy't mei-elkoar 6 miljoen kúb wetter opslaan kinne. De helte fan dy polders giet no dus iepen. Dy kinne mei-elkoar 4 miljoen kúb wetter bergje. De skowen fan de wetterwei nei de polder ta wurde dan iepenset, sadat it wetter fuortstreame kin.
Fierder draaie gemalen 'op volle toeren' om it wetter fuort te pompen. It Woudagemaal stiet ek oan. It wetterskip ferwachtet dat it wetterpeil oant sneon oprint, hoe bot oft der ek pompt wurdt.
aldeboarn heech wetter
Heechwetter yn Aldeboarn © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
De boaiem is no al sa wiet, dat dy gjin ekstra wetter mear opnimme kin, meldt it wetterskip, en trochdat it wetter yn de Waadsee ek heech stiet, kin der mar 'zeer beperkt' wetter út Fryslân wei de see op streamen.

Noch in pear dagen mei buien

Omrop Fryslân-waarman Siebo Mollema ferwachtet dat der hjoed en fannacht noch buien falle yn Fryslân. Moarn mooglik ek noch, de dagen dêrnei liket it drûch te bliuwen.