Jan van der Bij en Ymkje Clevering nei Olympyske Spelen: "Moat noch yndale"

Ymkje Clevering en Jan van der Bij
Ymkje Clevering en Jan van der Bij © Omrop Fryslân
Jan van der Bij en Ymkje Clevering kinne har opmeitsje foar harren twadde Olympyske Spelen. Roeibûnscoach Eelco Meenhorst hat freed syn seleksje bekendmakke.
De beide Fryske roeiers geane troch yn de boaten dêr't se ek ferline jier yn sieten. Foar Van der Bij is dat de Holland Acht en foar Clevering de twa-sûnder-stjoerfrou.

Oare wize fan pleatsen

De pleatsing yn it roeien wurket krekt wat oars as by de measte sporten. Foarich seizoen hawwe de Nederlânske roeiers al ferskate boaten pleatst foar de Spelen. Dat betsjutte net dat dyselde roeiers ek yn dy boaten nei Parys mochten.
Twa wiken lyn hat de Nederlânske seleksje allegear testwedstriden dien. Dêrnei hat de bûnscoach bepaald wa't kommend seizoen yn hokker boaten sitte. Dat hawwe de roeiers tongersdei fan de bûnscoach heard. Foar de twa Friezen feroaret der dus neat.
Ymkje Clevering, Veronique Meester, roeien
Ymkje Clevering (links) en Veronique Meester (rjochts) nei harren wrâldtitel © ANP
Dat de 28-jierrige Clevering troch mei yn de twa-sûnder-stjoerfrou is gjin grutte ferrassing. Se helle nammentlik yn septimber de wrâldtitel yn dy boat mei Veronique Meester. It wie foar it earst dat Nederlânske froulju yn dy boat wrâldkampioen waarden.
"We krigen fan tefoaren al in soad fertrouwen", seit Clevering. "Dus dy testwedstriden wienen foar ús mear in moaie gelegenheid om wer twa kear as duo te roeien, en te mjitten hoe't we derfoar stienen. En no ha we grien ljocht, dus we geane derfoar!"
Dizze fjouwer Friezen binne wis fan de Spelen:
Der binne noch trije Friezen dy't goeie kâns hawwe op dielname oan de Spelen. Marit Bouwmeester kin it de kommende dagen op it WK silen feilich stelle, judoka Tornike Tsjakadoea stiet der goed foar en heechspringer Douwe Amels soe it ek noch helje kinne.
Foar Van der Bij wie it spannender. Hy siet ôfrûne seizoen yn de Holland Acht, wêrmei't er sulver wûn op it wrâldkampioenskip. De bûnscoach hat yn ferliking mei dy acht manlju no twa ferfongen foar it kommende olympyske seizoen.
Van der Bij mei troch en giet foar de twadde kear nei de Spelen. "Bist yn earste ynstânsje hartstikke bliid, mar krijst ek te hearren welke jonges it net nei de Spelen ta geane. Dat is wol muoilik, want bist wol in groep dy't it mei-inoar dien hat. Dan fynst it ek wol wer skande foar harren."
Mar úteinlik oerhearsket de blydskip by de Earnewâldster. "Al moat it noch in bytsje yndale", laket er.