Takom wike in pear dagen iiswille: "Moandei of tiisdei mooglik ride"

Waarman Siebo Mollema
Waarman Siebo Mollema © Omrop Fryslân
We kinne takom wike miskien ien of twa dagen op redens. Dat seit waarman Siebo Mollema. Fan sneon ôf friest it nachts.
De kommende dagen binne de earste winterske ferskynsels al, mei sa út en troch wiete snie. De temperatuer bliuwt oerdei noch wol boppe it friespunt.
Dat feroaret yn it wykein. Yn de nacht fan sneon op snein friest it al licht, mei -3 yn it easten fan de provinsje en -1 oan de kust. De wyn docht it noch kâlder oanfielen.
"Dan krije we snein in moaie, rêstige winterdei", seit Mollema. "De temperatuer bliuwt oerdei om de 0 hinne, miskien der krekt ûnder. Yn de nacht kin hjir en dêr -4 op de termometer stean."
Mei de redens op it iis
Mei de redens op it iis © Omrop Fryslân
Moandei is ferlykber, mei temperatueren dy't oerdei net boppe it friespunt komme. "En yn de nacht is it op plakken -5. Dat betsjut datst samar wat ride kinst op stikken lân dy't no ûnderstrûpt binne. Yn it wykein dus noch net, mar moandei of tiisdei mooglik wol."

Gemalen kinne net stil

Wetterskippen kinne gewoanwei helpe om it iis rapper oangroeie te litten, bygelyks troch gemalen stil te setten. "Maar dat is nu geen optie", seit in wurdfierder fan de Unie van Waterschappen tsjin it ANP. Oant en mei sneon liket it wetterpeil noch op te rinnen.
Greiden en sleatten dy't wat fierder fan de rivieren ôf lizze en wêr't it wetter dus stil leit, befrieze it rapst. As it dan ek nochris hast net waait, kin it iis rap oangroeie. In wurdfierder fan Weeronline ferwachtet dat dat yn Fryslân yn in tal polders al betiid yn de wike it gefal wêze kin.

Marren "niet zo schaatsbaar"

As der dochs iis komt te lizzen op de gruttere marren, is it neffens Weeronline net ferstannich om dêr te riden. As it wetter in bytsje befriest en it wetter dêrûnder dan sakket, dan is sa'n mar "niet zo schaatsbaar."
Echte problemen ferwachtet er lykwols net sa gau, omdat it neffens him frij rap dúdlik is oft in mar of in plasse feilich genôch is.
As der al iiswille komt, sil dat net hiel lang oanhâlde, ferwachtet Mollema. "Mids nije wike liket de temperatuer wer wat omheech te gean. De dikke froast is der dan wer út."

Earste maraton op natueriis

Yn Burgum wurde de waarfoarsizzings nau yn de gaten holden. De iisklup yn it doarp is ien fan de kânshawwers foar it organisearjen fan de earste maraton op natueriis. "De omstannichheden moatte perfect wêze", seit sekretaris Lykele G. Westerhof. "Hoe stiet de wyn, hoe lang en hoe slim friest it?"
Foarich jier organisearre Burgum ek de earste maraton op natueriis. Oan de ynset fan de klup sil it net lizze, neffens Westerhof. "Wy binne der al fan oktober ôf mei dwaande. It wetter stiet op de baan en de draaiboeken en ús frijwilligers stean klear."