Man (31) brûkte gniisgas foar wylde achterfolging troch Ljouwert

Dizze plysjewein rekke flink skansearre
Dizze plysjewein rekke flink skansearre © CAMJO Media
De man (31) dy't woansdei oanholden is nei in wylde achterfolging troch Ljouwert, kaam by de plysje op de radar neidat in oare automobilist him sjoen hie mei in gniisgasballon yn de mûle.
De achterfolging duorre 10 minuten en einige nei in oanriding mei in plysje-auto. De auto fan de fertochte kaam in strjitte fierderop ta stilstân.
De ravaazje wie grut
In wurdfierder fan de plysje meldt dat de oanriding mei de plysje-auto ûntstie neidat de fertochte yn ien kear hurd remme: "Collega's spreken over een noodstop."
Op dat stuit waard de fertochte mei hege snelheid achterfolge troch twa plysje-auto's. Se hiene swaailjochten en sirenes oan, meldt de plysje.
"Die hadden ze aangedaan, en ze gaven een stopteken nadat ze hadden gezien dat de verdachte met een bijzondere manoeuvre door rood reed."

Twa oanridingen

De fertochte naaide mei hege snelheid út, seit de plysje. "Hij liep fors uit." By it krúspunt dêr't de oanriding wie, kaam de plysje wer tichteby.
Even nei de kop-sturtbotsing mei de plysje-auto is de auto fan de fertochte noch tsjin twa oare auto's oanriden. Dêrnei koe er net mear fierder ride, en is er ta stilstân kaam.
De auto yn Ljouwert
De auto yn Ljouwert © CAMJO Media
Pas doe't de auto fan de fertochte stil stie, waard er klemriden troch oare plysjes, sadat er net wer útnaaie koe. De fertochte is doe oanholden. Der wiene gjin ferwûnen by de achterfolging.
De fertochte is in 31-jierrige man út Ljouwert. Hy soe by de achterfolging ûnder ynfloed fan gniisgas west ha, seit de plysje.

Ballonnen en gniisgas

"Er lag een grote hoeveelheid ballonnen in de auto", seit in plysjewurdfierder, "en op de achterbank zagen we vier lachgassilinders."
De man is yntusken wer op frije fuotten. It Iepenbier Ministearje moat bepale wannear't er foar de rjochter komme moat.