Sjochtip: Op syk nei nij sporttalint yn 'Scoute mei Berend'

scoute mei berend
scoute mei berend © Omrop Fryslân
Yn Scoute mei Berend giet Omrop Fryslân op syk nei de toppers fan de takomst. Fryslân hat in rike histoarje as it giet om grutte sporthelden, mar yntusken binne der al in soad ophâlden.
Nim bygelyks in Epke Zonderland, Sven Kramer en Pieter Weening. Allegear binne sy ophâlden mei harren sportkarriêre en dus binne wy op syk nei nij Frysk talint.

Scoute mei Berend wurdt presintearre troch Arjen de Boer en jong talint Berend Zijlstra. Yn de earste ôflevering komme we yn 'e kunde mei Berend. Berend kin goed reedride. "Ik begûn op myn sechsde, mar sûnt in jier train ik serieuzer en doch ik wedstriden", fertelt Berend. As 'scout' giet Arjen mei Berend yn petear.

Dreaun

Neist reedriden komme follybal, fierljeppen, fuotbal en kuorbal oan 'e oarder. Elts sporttalint jout oan wa't harren grutte idoal is en fansels komt just dy persoan del om it talint fierder te helpen.
Op hokker leeftiid binne sy begûn mei de sport en hawwe se noch in tip dy't fierder gjinien wit? Berend krijt dy tip fan nimmen minder as Jorrit Bergsma.
Mar hoe scout Berend talint yn in sport dêr't hy sels net yn thús is? "Ik sjoch foaral oft bern dreaun binne. Dat bin ik ek", fertelt Berend. "Do wolst winne en in goede tiid ha."

Fan scout nei assistint scout

Fansels einiget eltse ôflevering mei de fraach: hawwe wy hjir te krijen mei in topper fan de takomst? Net allinnich Jorrit fynt Berend in talint. Arjen sil Berend ek fierder helpe as scout. En dus degradearret Arjen nei de funksje assistint scout.
Scoute mei Berend is fan moandei 8 jannewaris ôf om 17.15 oere en dêrnei alle oeren te sjen. Op it YouTube-kanaal fan Omrop Fryslân-Tsjil is in koarte ferzje fan it programma te finen. Online op Omropfryslan.nl is it programma folslein werom te sjen.