Liveblog | 4 jannewaris

112-nijs 4 jannewaris: Man ferstoarn by bedriuwsûngelok yn Gerkeskleaster

Yn dit liveblog hâlde we dy op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.

Lêst bywurke: 4 jannewaris, 21:00
21:00

Plysje siket nei fjoerwurksmiter Tsjom

Meardere plysjes binne mei de jierwiksel yn Tsjom bekûgele mei swier, yllegaal fjoerwurk. Dat meldt de plysje fan 'e jûn. Meardere jonges smieten mei it fjoerwurk nei de aginten.
De plysje siket no nei ien fan de dieders; in jonge dy't in brace om syn knibbel hie.
20:23

Man ferstoarn by bedriuwsûngelok yn Gerkeskleaster

De lokaasje fan FrieslandCampina by Gerkeskleaster
De lokaasje fan FrieslandCampina by Gerkeskleaster © RTV NOF
By in bedriuwsûngelok by FrieslandCampina yn Gerkeskleaster is fannemiddei in man om it libben kaam. It slachtoffer rekke beknipe en is oan syn ferwûningen ferstoarn.
"Wij doen strafrechtelijk onderzoek, dan is standaard als er sprake is van een dodelijk ongeval", sa lit in wurdfierder fan de Arbeidsinspectie witte oan streekomrop RTV NOF.
Meardere ienheden fan de plysje, de brânwacht en de ambulânse kamen fannemiddei nei de lokaasje yn Gerkeskleaster.
17:11

Yllegale radiostjoerder út de loft helle

De stjoermêst by MFC de Tredder yn it doarp
De stjoermêst by MFC de Tredder yn it doarp © RTV NOF
In yllegale radiostjoerder fan de Foestrumer Piraten út Westergeast is tongersdeitemiddei út de loft helle. De Rijksinspectie Digitale Infrastructuur die dat yn oparbeidzjen mei de gemeentlike hanthavening en de plysje, meldt streekomrop RTV NOF.
De FM-stjoerder fan de eterpiraten waard útset en de stjoermêst by MFC de Tredder yn it doarp moast ynklapt wurde.
Nei alle gedachten wurdt de piraten in lêst ûnder twangsom of in bekeuring oplein.
11:15

Man rydt mei gniisgasballon yn 'e mûle

Ljouwert
De auto nei de achterfolging yn Ljouwert © CAMJO Media
De man (31) dy't woansdei oanholden is nei in wylde achterfolging troch Ljouwert, kaam by de plysje op de radar neidat in oare automobilist him sjoen hie mei in gniisgasballon yn de mûle.
De achterfolging duorre 10 minuten en einige nei in oanriding mei in plysje-auto. De auto fan de fertochte kaam in strjitte fierderop ta stilstân.
11:13

Wetterskippen: boartsje net yn ûnderstrûpt gebiet

In kat by ûnderstrûpt lân
In kat by ûnderstrûpt lân © ANP
Wetterskippen riede ôf om bern of húsdieren boartsje te litten yn gebieten dy't troch de hege wetterstannen ûnderstrûpt binne. It wetter yn sleatten, beken en rivieren is net suvere en kin dêrtroch smoarch wêze.
10:44

Brêge Twellingea wer ticht foar opknapwurk

De brêge by Twellingea
De brêge by Twellingea © Kappers Media
De brêge by Twellingea giet takom tiisdei fan 9.00 oant 15.00 oere ticht foar al it ferkear. Rykswettersteat is dan dwaande mei opknapwurk. Earder wie út ynspeksje al dúdlik wurden dat de brêge net mear yn goede steat is.
Dat hat foar in part te krijen mei hoe âld oft de brêge is (boud yn 1939), mar ek mei it ferkear dat hieltyd swierder wurdt. Boppedat is der in skoft mear ferkear as gewoan oerhinne kaam, trochdat de Prinses Margriettunnel ticht wie.
Fan 11 desimber ôf wie de brêge ek al in wike ticht. Frachtferkear wurdt tenei advisearre om oer de A7 te riden. Oare wike jildt dat ek foar it oare ferkear. Lânbouferkear en oar ferkear dat net troch de Prinses Margriettunnel kin, moat omride. Foar fytsers en kuierders wurdt in pindelbus ynset.