Fan Het Parool nei doarpsblêd Langwar: dizze haadredakteur smiet it roer om

Barbara van Beukering, haadredakteur fan it Dorpsblad Langweer
Barbara van Beukering, haadredakteur fan it Dorpsblad Langweer © Omrop Fryslân, Larissa Lokenberg
Sûnt 2017 ferhúzje mear minsken út de Rânestêd wei as dêrhinne. Mar hoe kinst dan ûnderdiel wurde fan in mienskip dêr'tsto de taal net fan praatst? Barbara van Beukering ferhuze fan Amsterdam nei Boarnsweach, en har is it moai slagge.
Sy wie 21 jier haadredakteur fan ûnder oare Avantgarde, Volkskrant Magazine en Het Parool. Doe't se 50 waard, gie it roer om. Mei har man ferhuze Barbara van Beukering nei Fryslân.
Barbara van Beukering gie fan Het Parool nei doarpsblêd Langwar
"En toen dacht ik: 'nou moet ik wel integreren'. Toen heb ik gesolliciteerd bij het dorpsblad als medewerker, als redacteur", fertelt Van Beukering.

"Ik heb je gegoogeld"

Neidat se in oere op de tee west hie by de eardere haadredakteur, Karin Rouwe, frege se of sy noch wat witte woe oer har. "En toen zei ze: 'Nou, ik heb je gegoogeld. Ik denk dat je het wel kan'", laket Van Beukering.
Op har rûntsje troch it doarp komt Van Beukering in redaksjelid tsjin
Op har rûntsje troch it doarp komt Van Beukering in redaksjelid tsjin © Omrop Fryslân, Larissa Lokenberg
Nei in jier naam se it haadredakteurskip oer. Se sammele in redaksje fan sân frijwilligers om har hinne en mei help fan in foarmjouwer waard it doarpsblêd modernisearre. Op it stuit hat Dorpsblad Langweer in oplaach fan 675.

Mear as Het Parool

"Dat klinkt misschien niet veel, maar we hebben duizend inwoners. Dus we hebben eigenlijk een doelgroep van honderd procent. Honderd procent van de mensen leest hier het dorpsblad", leit Van Beukering út.
"Toen ik voor Het Parool werkte, hadden we een oplage van 60.000. Op 800.000 Amsterdammers, dat was natuurlijk maar een heel klein gedeelte dat het las."
Se is tige wiis dat it blêd dat se meitsje yn Langwar troch eltsenien lêze en wurdearre wurdt.
Van Beukering op de redaksje fan Het Parool yn 2011
Van Beukering op de redaksje fan Het Parool yn 2011 © ANP
Dat de bewenners fan Langwar en Boarnsweach it blêd wurdearje, bliek wol by in kollekte dy't de frijwilligers ferline jier diene. Eltsenien woe graach ta de bûse foar it doarpsblêd.
"Het was hartverwarmend. Iedereen zei: 'Ik vind het dorpsblad zo geweldig, ik lees het altijd van A tot Z'", seit Van Beukering. "Het was heel leuk om te merken hoezeer mensen het waarderen."
Ik dacht: ik moet gewoon duidelijk maken dat ik graag ook iets voor deze gemeenschap wil doen.
Barbara van Beukering, haadredakteur Dorpsblad Langweer
Troch it frijwilligerswurk dat se docht, hat se har plakje in de mienskip fûn. "Het is niet leuk als je uit het westen komt, je in Friesland gaat wonen en je buiten de gemeenschap valt."
"Dorpelingen vinden dat ook over het algemeen niet de leukste mensen", seit Van Beukering. "Die noemen ze hier ook expats. Ik dacht: ik moet gewoon duidelijk maken dat ik graag ook iets voor deze gemeenschap wil doen."
In artikel yn it doarpsblêd
In artikel yn it doarpsblêd © Dorpsblad Langweer
Troch foar it doarpsblêd te wurkjen komt se yn de kunde mei in soad minsken: "Het is gewoon heel fijn om op de hoogte te zijn van het wel en wee van het dorp."