Friezen eigensinnich mei bernenammen: dit binne de tsien populêrste

Hoera! In poppe
Hoera! In poppe © ANP
Hidde en Lieke wiene yn 2023 de meast populêre bernenammen yn Fryslân. Dat docht bliken út gegevens fan de Sociale Verzekeringsbank. Dizze nammen stiene ferline jier ek al boppe-oan.
Yn hiel Nederlân krigen 210 jonges de namme Hidde en 306 famkes de namme Lieke. Yn dy sin binne de Friezen eigensinnich: yn gjin inkele oare provinsje stiet Hidde yn de top 10, en Lieke heart fierder allinnich yn Grinslân en Drinte by de tsien populêrste bernenammen.

Noah en Julia

Oer hiel Nederlân wiene Noah en Julia de nammen dy't it faakst keazen waarden. Yn totaal krigen 888 jonges de namme Noah en 681 famkes de namme Julia. De genderneutrale namme dy't lanlik it meast keazen waard, wie Riley. Dy namme waard oan 84 famkes en 82 jonges jûn.
In nijkommer yn de top 10 fan populêre jongesnammen is Noud. Dat jildt likegoed foar Fryslân as foar de lanlike top 10.

Top 10 jonges- en famkesnammen yn Fryslân

Jonges 2023 Jonges 2022 Famkes 2023 Famkes 2022
Hidde Hidde Lieke Lieke
Jurre Jurre Elin Fenna
Noah Sem Mare Emma
Noud Jesse Silke Eva
Jens Melle Fenna Milou
Jesse Liam Yara Silke
Luca Milan Julia Mila
Sem Finn Maud Nora
Daan Luuk Tess Sophie
Jelte Noud Emma Mare
Tusken de provinsjes sitte wol ferskillen. Yn Grinslân binne de populêrste nammen bygelyks Noah en Elin, foar Drinte binne dat Daan en Lotte.

De meast populêre bernenammen yn Nederlân fan 2023

Jonges Famkes
Noah Julia
Luca Olivia
Lucas Mila
Liam Emma
Levi Sophie
Sem Nora
Daan Yara
Mees Saar
Noud Noor
James Tess
Dochs wurde de foarnammen út de top 10 mar oan sa'n 7 persint fan alle nijberne poppen jûn. Yn totaal wurde der lanlik alle jierren sa'n 13.000 ferskate famkesnammen en 11.500 ferskate jongesnammen jûn.