Flyers smite foarsprong fuort en ferlieze finale BeNeLeague Cup

Teloarstelling by Wesley de Bruin
Teloarstelling by Wesley de Bruin © Dijks Media
De UNIS Flyers ha neist de earste edysje fan de BeNeLeague Cup grepen. Yn it hert fan de liuw ferlearen de Feansters de finale nei ferlinging mei 4-3 fan Eaters Limburg.
De BeNeLeague Cup is in nij bekertoernoai mei deselde klups dy't yn de BeNe-League spylje. Alle klups hawwe twa kear tsjin inoar spile, wêrnei't de earste fjouwer de heale finales spile hawwe. Uteinlik binne Flyers en Eaters de twa ploegen dy't de finale helle hawwe.
Yn Geleen, de thúshaven fan de Eaters, kamen de Flyers yn de earste perioade al in op in 2-0-foarsprong. De treffers kamen fan Frankie Pucci en Mike Collard.
Yn de twadde perioade makke Jasper Nordemann der sels 3-0 fan, mar Ben Duperreault die al gau wat werom. En Tijn Jacobs brocht de spanning hielendal werom: 3-2.

Overtime

Mei noch tweintich minuten op de klok, wie it foar de Flyers dus saak om de lytse foarsprong fêst te hâlden. Dat slagge net: Yevgen Fadyeyev makke healwei dy lêste perioade de lykmakker. Omdat de stân nei 60 minuten noch hieltyd 3-3 wie, kaam der sudden-death overtime.
Nei oardel minút spyljen yn overtime makke Duperreault de 4-3 foar de Eaters: dêrmei wie de wedstriid dien en waarden de Limburgers de earste winner fan de BeNeLeague Cup.
Flyers smite foarsprong fuort en ferlieze finale BeNeLeage Cup